Follegea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Follegea
Himrik fan  Follegea
Gemeente Lemsterlân
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 43
Ynwenners (2004) 200
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 53' NB, 5° 44' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8535
Webstee www.Follega-Eesterga.nl


Follegea is in doarp yn it noarden fan de gemeente Lemsterlân, oan de Follegeasleat. It doarp leit oan de Strjitwei, eartiids Ryksstrjitwei, en hat likernôch 200 ynwenners (2004). De namme komt wierskynlik fan Folle (manljusnamme) + gea(lân)

Brêge[bewurkje seksje | edit source]

Follegeaster brêge oer de Follegeasleat jout útsjoch op de Tsjûkemar. De brêge stiet al op de alderâldste kaarten oanjûn. Oan de brêge stie earder in herberch, dêr't oant 1900 tol betelle wurde moast troch dejingen dy't oer de brêge gienen of der ûndertroch. It tsjerke hie de plicht om yn Follegea om de brêge te ûnderhâlden, teminsten foar de helte, de oare helte wie foar de grytman. Sa sil it ek wol west hawwe mei it toljild. Om sa'n tol te pachten moast men alle jierren ynskriuwe, en it gie dan nei de heechste bieder.

Op 2 oktober 1799 woe in Ingelsk ynvaazjelegerke stellingen opsmite. It slagge in ploech wapene boargers dy't ûnderweis wiene nei De Lemmer om yn twa oanfallen de batterijen yn te nimmen. Hjirby waarden trije stiks geskut, wêrûnder in achttjinpûner ferovere.

Klokkestoel[bewurkje seksje | edit source]

Klokkestoel fan Follegea-Jistergea

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. De klokkestoel wurdt al neamd yn de 18e ieu en is makke fan bilingahout en is grien fan kleur mei in wite kape. De kap is in helmdak mei in hoanne en der lizze potdeksele pannen op. De klok mei in trochsneed fan 78 sm. is getten troch Peter van den Ghein, en waacht sawat 320 kilo.

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Noch yn 1683 hie Follegea-Jistergeain eigen tsjerke, letter waard it ien gemeente mei De Lemmer. By de wetterfloed fan 1825 stie it hiele gea ûnder wetter, sadat de tolopbringsten ek minder waarden. De tsjerken moast ek foar de skoalle soargje: it traktemint fan de master en it ûnderhâld fan it gebou.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

De is ien feriening foar Doarpsbelang Follegea – Jistergea.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • Oranjeferiening, organisearre yn 2007 ek it "Spikerbroekhingjen"
  • Winterwille- iisclub

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Yn 1857 is der in spinnekopsmole boud. Yn 1968 wie dy finaal ferfallen en is oerbrocht nei Laag-Keppel.
  • Der is in ferske skreaun oer in âld-ynwenner fan Follegea: De Stampers - De boeretryn (1976)
  • It ynstekhaventsje hjit De Jister.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

De Lytse Brekken, Dunegeawei, Strjitwei, Tramdyk.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]