Ychtenbrêge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ychtenbrêge
Himrik fan  Ychtenbrêge
Gemeente Lemsterlân
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2004) 500
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 49' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8539
Webstee www.echtenerbrug.info


De Duimstrjitte yn Ychtenbrêge

Ychtenbrêge is in doarp yn de gemeente Lemsterlân, oan de súdeastkant fan de Tsjûkemar. It doarp hat likernôch 500 ynwenners (2004).

Ychtenbrêge foarmet tegearre mei Dolsterhuzen oan de oare kant fan de Pier Christiaansbrêge, ien wenkearn. It doarp is split rekke trochdat oant 1984 de gemeentegrins mei Haskerlân troch de Pier Christiaanssleat rûn. Ychtenbrêge is nei De Lemmer it twadde doarp yn de gemeente wêr't toerisme in grutte rol spilet. De Pier Christiaansleat dy't troch de buorren en troch Dolsterhuzen rint is ek in toeristysk farwetter. Dizze foarmet de ferbining tusken yn it suden de Kop fan Oerisel mei de Weerribben en nei it noarden jout it ferbining mei de Fryske marren.

Yn Ychtenbrêge en Dolsterhuzen binne meardere jachthavens en campings; Yn Ychtenbrêge: Jachthaven de Meerkoet, De Merenpoort, Turfskip en yn Dolsterhuzen Oan 'e Tsjûkemar en de lisplakken fan Pleatslik Belang. Yn Dolsterhuzen stean ek twa hotels, hotel Tsjongerfallei yn de eardere molkfabryk, en hotel "De Tsjûkemar" in pear kilometer bûten de buorren. Dêrneist binne by in soad pleatsen bûten it doarp ek miny-campings.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

Ychtenbrêge en Dolsterhuzen hawwe as ytgelegenheden:

Op tongersdei en sneon is der in pizzawein foar ôfheljen fan pizza's en geregeld komt der in fiskkream.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | edit source]

De ûndernimmersferiening Ychtenbrêge e.o. organisearret alle jierren yn de simmermoannen de "Dolle Donderdagen". Op de tongersdeitejûnen wurdt dan wat op of om de brêge en it wetter organisearre, lykas sekslaan, kanoracen, live muzyk. By Ychtenbrêge is ek altyd in wedstryd fan it IFKS skûtsjesilen. Fierders binne der braderyen, muzyk op it wetter en muzyk yn de feesthal by De Merenpoort bv.

De jierlikse feestwike yn Ychtenbrêge is yn de twadde wike fan septimber. Hjir hawwe al in soad bekende Nederlânske bands stien: BZN, De Dijk, De Kast, Normaal, Pappa di Grazzi en Nick & Simon.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Baggelaar, De Bûgel, De Kempenaerswei, De Petten, De Roede, De Splitting, De Feanskieding, Duimstrjitte, Hellingpaad, It Trek, Haadwei, Klynsmafeart, Koopmanwei, Kromme Warren, Krompaad, Suster Jacobsstrjitte, Turfkade, .

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]