Eastersee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eastersee
Flagge fan Eastersee Wapen fan Eastersee
Flagge Wapen
Lokaasje fan Eastersee
Gemeente Lemsterlân
Ynwennertal (2010) 945 (mei omkriten)
Webstee www.oosterzee.com

Eastersee is in doarp yn de gemeente Lemsterlân, oan de súdkant fan de Tsjûkemar. It hat twa kearnen, Eastersee-Buorren en Eastersee-Giterskebrêge dy't hjoeddedei beide doarpsstatus hawwe. It hiele doarp hat likernôch 810 ynwenners (1 jannewaris 2003).

De Buorren is de âldste kearn fan it doarp; Giterskebrêge is it part wat hjoeddedei it meast mei de namme Eastersee oantsjut wurdt. Eastersee wie eartiids in wichtich doarp. Yn 1132 wurdt it neamd. Eastersee wie it eardere haadplak fan Easterseesterlân en letter, oant 1640, fan Lemsterlân. Eastersee wie ûnderdiel fan it Lemster Fiifgea.

De state ‘Eastersee’ stuon oan de Feandyk tusken de brêge en de tsjerke en wie yn 1642 bewenne troch de grytman Freark fan Roorda.

Tusken 14 april 1892 en 1993 wie yn Eastersee de molkfabryk "Lemsterland". It terrein is letter beboud mei huzen en in haven foar de wettersport. Oant 1974 hat der in gersdroegerij stien.

Yn Eastersee wie tusken 1968 en 1991 en dependans fan it Limnologysk Ynstitút, sûnt 1992 Limnologisch Centrum fan it NIOO yn Wageningen. It labotatoriumgebou is no it "Watersportcentrum Tjeukemeer"

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Boekeleane, Buorren, De Ikkers, De Grieën, Giterskefeart, Grytman Roordastrjitte, Hearewei, Holsteinpaad, Landmanswei, Menso Poppiusstrjitte, Molewei, Slûspaad, Feandyk, Westein, Suvelwei.

Boek[bewurkje seksje | edit source]

  • J. Boorsma-de Jong e.a. (red.) "Skiednis fan Eastersee. As in faas mei blommen". De werkgroep Geschiedenisboek Oosterzee, juni 2000. ISBN 90-9013932-X