Weststellingwerf
Gemeente Weststellingwerf
|
|||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
|||||||
| Provinsje | Fryslân | ||||||
| Boargemaster | G. van Klaveren | ||||||
| Haadplak | Wolvegea | ||||||
| Gebiet - wetter |
228,40 km² - 2,00 km² |
||||||
| Ynwenners | 25.679 | ||||||
| Ferkearsieren | A32, N351 | ||||||
| Netnûmer | -- | ||||||
| Postkoades | -- | ||||||
| Offisjele webstee | www.weststellingwerf.nl | ||||||
Weststellingwerf is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 25.679 ynwenners (1 jannewaris 2008), en mei in gebiet fan 228,4 km², wêrfan 2,0 km² wetter.
Weststellingwerf is mei de gemeente Eaststellingwerf de Stellingwerven. Fanâlds wurdt hjir Stellingwerfsk praat. Hjoeddedei fynt men der ek in soad Frysk- en Nederlânskpraters.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak is Wolvegea en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldeholtpea, Aldeholtwâlde, Aldetrine, Aldlemmer, Blesdike, De Blesse, Boyl, Easterstreek, Finkegea, De Hoeve, De Langelille, Munnikebuorren, Nijeholtpea, Nijeholtwâlde, Nijetrine, Nijlemmer, Noardwâlde, Pepergea, Sânhuzen, Skerpenseel, Slikenboarch, Sonnegea, Spangea, Steggerda en Teridzert.
[bewurkje seksje] Taal
Histoarysk sjoen makket Weststellingwerf ûnderdiel út fan de Stellingwerven, mar it Stellingwerfsk is foar it meastepart al ferdreaun út it gebiet. De taal is benammen ferdreaun troch it Nederlânsk. Dochs bestiet der noch in treftige mienskip Stellingwerfsktaligen yn de gemeente, likernôch 28% fan de minsken hawwe it Stellingwerfsk noch as memmetaal, wylst it Nederlânsk troch 52% en it Frysk troch 18% fan de minsken as memmetaal sprutsen wurdt.[1]
Yn Weststellingwerf bestiet gjin gemeentlik belied op it mêd fan de Fryske taal.[2]
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Fryske doarpen
- Fryske gemeenten
- List fan grytmannen fan Weststellingwerf
- List fan boargemasters Weststellingwerf
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Gemeenten yn de Provinsje Fryslân | |
|---|---|
| Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Boarnsterhim | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | Gaasterlân-Sleat | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân en Nijkrúslân | Lemsterlân | Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skarsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf |
|
| wizigje | |
