Skarsterlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Skarsterlân
Flagge fan de gemeente Skarsterlân    Wapen fan de gemeente Skarsterlân
(Flagge fan Skarsterlân) (Wapen fan Skarsterlân)
Lokaasje fan de gemeente Skarsterlân
Provinsje Fryslân
Boargemaster Mary (M.) Looman-Struijs
Haadplak De Jouwer
Gebiet
- wetter
216,89 km²
-  30,48 km²
Ynwenners 27.076
Ferkearsieren A6, A7, A32, E22, N354
Netnûmer 0513 - 0514, 0566
Postkoades 8461 - 8544
Offisjele webstee www.skarsterlan.nl

Skarsterlân (offisjeel Frysk) is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 27.076 ynwenners (1 jannewaris 2006), en mei in gebiet fan 216,89 km2, wêrfan 30,48 km2 wetter.

De gemeente is foarme yn 1984 út de âlde gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl.

Ferwachting fúzje op 1 jannewaris 2013 fan Lemsterlân, Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat.

Ynhâld

Plakken [bewurkje seksje]

It haadplak fan de gemeente is de flekke De Jouwer. De oare plakken yn de gemeente binne: Aldehaske, Alde Ouwer, Boarnsweach, De Broek, Diken, Dunegea, Eagmaryp, Goaiïngaryp, Haskerdiken, Haskerhoarne, Jiskenhuzen, Langwar, Legemar, Nijbrêge, Nijehaske, Ousterhaule, Ousternijegea, Reahel, Rotstergaast, Rotsterhaule, Rottum, Sint Jansgea, Sint Nyk, Skarsterbrêge, Sniksweach, Terkaple, Teroele, Tsjerkgaast en Vegelinsoard.

Taal [bewurkje seksje]

Frysk is foar 65% fan de Skarsterlanners de memmetaal. Njonken it Frysk wurdt ek Nederlânsk (foar 26% fan de ynwenners de memmetaal), Stêdsk (3%) en Stellingwerfsk (1%) yn de gemeente strutsen. In útlânske taal is foar 1% fan de minsken de memmetaal.[1]

Untwikkeling ynwennertal [bewurkje seksje]

Sjoch ek [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. * Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 272. ISBN 9789001779047

Keppeling om utens [bewurkje seksje]


Gemeenten yn de Provinsje Fryslân Flagge fan de provinsje Fryslân
Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Boarnsterhim | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | Gaasterlân-Sleat | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân | Lemsterlân | Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skarsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf
wizigje