Doanjewerstâl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Flagge fan Doanjewerstâl

Doanjewerstâl (Doniawerstal) wie in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 6.184 ynwenners (1 jannewaris 1958) en in gebiet fan 126,00 km².

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is it grutste part opgongen yn in de nije gemeente Skarsterlân . Allinnich it stik westlik fan de Kûfurd is by Wymbritseradiel kaam.

Plakken [bewurkje seksje]

It haadplak wie Langwar, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Boarnsweach, De Broek, Diken, Goaiïngaryp, Jiskenhuzen, Koufurderrige, Legemar, Alde Ouwer, Ousterhaule, Ousternijegea, Skarsterbrêge, Sint Nyk, Smelbrêge, Spannenburch, Teroele en Tsjerkgaast.