Diken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Diken
Himrik fan  Diken
Gemeente Skarsterlân
Gritenij Doanjewerstâl
Stimmen 32
Ynwenners (2004) 70
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 42' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8528
Webstee {{{webstee}}}


Diken is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, oan de eastkant fan De Kûfurd. It doarp hat likernôch 70 ynwenners (2004). It leit west fan Langwar en eastlik fan De Kûfurd. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Diken diel út fan de eardere gemeente Doanjawerstal. It doarpke is oarspronklik in boerestreek oan de eastkant fan De Kûfurd, mei in stik of wat opfearten en liket oerflakkich besjoen in útbuorren fan Langwar. Alde kaarten litte lykwols sjen dat de histoarje fan it âlde streekdoarpke ‘binnen de diken’ wol wat yngewikkelder west hawwe moat. ‘Inde Dycken’ (1664), in heale ieu letter ‘De Dyken’ neamd en no dus Diken, hie har eigen himrik, dy 't neffens W.T. van der Leij rûn oant de westkant fan De Kûfurd. Dat wiist op de ûntginningsskiednis en in relaasje mei Smelbrêge tichtby Wâldsein. De Kûfurd wie trouwens wol sa ûndjip dat fee en feedriuwers der trochhinne wâdzje koenen. No farre in soad boaten fan De Lemmer oer De Kûfurd nei de Fryske marren. De bebouwing oan de westkant fan De Kûfurd krige nei de oarloch in nije doarpsnamme: Koufurderrige.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Klokkestoel

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

  • Ed Nijpels - kommissaris fan de keninginne fan Fryslân.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]