Ousterhaule

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ousterhaule
Himrik fan  Ousterhaule
Gemeente Skarsterlân
Gritenij Doanjewerstâl
Stimmen 29
Ynwenners (2004) 300
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 48' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8513
Webstee {{{webstee}}}


Komboerd
Tsjerke fan Ousterhaule
Busmuseum
Iepenbier Ferfier Museum

Ousterhaule is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, súd fan De Jouwer. It doarp hat likernôch 300 ynwenners (2004). De naam ferwiist nei ouwer en hichte ("haule"). It plak hiet foar de oarloch “Oosterhaule”.

Ut it oarspronklike âlde dorp (Oldeouwer) is it nije stifte, Ouwster-Nijega, en is ek de haule (hichte) fan de Ouwer bewenber makke: Ousterhaule. It foarmet mei Aldeouwer en Ouster-Nijegea it Ouster Trijegea, feitlik in trijelingdoarp. It blykt bygelyks út in mienskiplike basisskoalle "Trijegeaster Honk". Yn 1741 waard hjir troch de ynset fan de aadlike Vegelin de Trijegeasterpolder oanlein. De nijbouwyk hjit Wolsmastate.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Tsjerke

It doarp hat in oarspronklik midsieusk tsjerkje, dat yn de 20e ieu ommitsele waard. De grutte houten geveltoer fan de Tsjerke fan Ousterhaule is beklaaid mei lead.

[bewurkje seksje] Mienskip

It doarp hat mei Ouwster-Nijega en Oldeouwer ien feriening foar Pleatslik Belang. Omdat de feriening yn 2010 hûndert jier bestie, en de skoalle 175 jier, waard in jubileumboek útjûn.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferieningen

  • Excelsior - muzyk

[bewurkje seksje] Ferskaat

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Haulstersingel - boskpaad tusken de Haulsterwei en De Wâldfinnen (Hollandiastrjitte).
  • Hearenwei - nei in net mei namme neamde feanbaas dy't de dyk oanlizze liet.
  • J Veldstrawei - Jetze Veldstra (1886-1945) wie in boer yn Ousterhaule. Hy wie in yllegale wurker yn de Twadde Wrâldoarloch dy't yn 1945 stoar yn it strafkamp Neuengamme. Yn Ousterhaule stiet sûnt 1950 in stânbyld foar him. De wei rint lâns de klokkestoel.
  • Marwei - dyk nei de Tsjûkemar.
  • Stinsewei - dyk nei de stins fan Wolsma State.
  • Wolsmastate - Wolsma State stie hjir ± 1550 stie. It hie it ienige kanon fan de omlizzende gritenijen.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen