Skoattersyl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Skoattersyl is in buorskip yn de gemeente Lemsterlân. By Skoattersyl giet de Tuskenlinde oer yn de Tsjonger, noard fan Skoattersyl lizze oan de westkant fan de Tsjonger de Skoatter Uterdiken.

[bewurkje seksje] Slach

By de Slach by Skoattersyl hat Hartoch Albrecht fan Beieren hjir op 29 augustus 1396 fochten tsjin de Friezen ûnder oanfiering fan Juw Juwinga. Mear as tûzen Friezen sneuvelen, mar hartoch Albrecht luts him nei in pear dagen al werom.

[bewurkje seksje] Slûs

De Tsjonger by Skoattersyl

Fan de Tsjonger is ûnbekent wannear't dy mei in slûs fan de see ôfsluten is, yn elts gefal in de 15e ieu is der in útwetteringsslûs by Skoattersyl. De slûs ûntlêste in grut diel fan Fryslân fan wetter yn de tiid fan de Súdersee.

Yn 1579 wurdt de slûs by Skoattersyl yn in stoarm fernield. Yn 1580 wurdt dêr in slûs mei dûanekantoar boud wêr de Tsjonger en de Linde byinoar komme yn Slikenboargersyl. De slûs fan Skoattersyl hy doe gjin funksje mear.

Troch stoarmen krijt de Tsjonger rûn 1700 wer syn âlde rin én de Friezen sjogge gjin heil yn mear yn it Oeriselske dykbehear. Yn 1702 wurdt in kearslûs by Skoattersyl boud. De slûs fan Slikenboargersyl bliuwt, mar no as wetterkear. Ek de tol bliuwt yn Slikenboargersyl, mar de skippen kinne sa troch, wat minder is foar de middenstân.

Yn 1842 wurdt, by it trochlûken fan de dyk fan de Kúnder nei de 'Statendijk', de slûs fan Slikenboargersyl tichtgoaid. It toljild wurdt ôfkeape troch Oerisel. De Tsjonger wurdt dan bûtendyks nei de Kuunder laat troch de Woarstsleat. Yn 1928 ferfalt de skutslûs fan Skoattersyl.

[bewurkje seksje] Feriening it Earder Skoatter- of Slikenboargersyl

De feriening hie as doel troch jildlike bydragen de wetterôffier lâns de Tsjonger nei de Súdersee yn goede banen te lieden. Elts fan de tsien doarpen koas twa folmachten foar it libben. Doe't de provinsje it behear fan de Tsjonger oernaam bleaunen der besittingen oer. It jild wurdt ynsetten foar, faaks lokaal, woldiedigens as it sikehûs, skoallefûns, it Griene Krús. Ek krijt de folmacht in bedrach dat er nei eigenachtsen besteegje mei. Sa as in lokale wei, feart of de bou fan in klokhûs.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen