Murns

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Murns
Himrik fan  Murns
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Gritenij Gaasterlân
Stimmen 56 (mei Bakhuzen)
Ynwenners (2004) 120
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 51' NB, 5° 28' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8573
Webstee bakhuizen.nl


Murnzerklif

Murns is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. Murns leit súd fan Bakhuzen oan de Iselmar. Oant 1955 foarme Murns mei Bakhuzen ien doarp. It doarp hat likernôch 120 ynwenners (2004).

It Murnser Klif jout in moai útsjoch oer de eardere Sudersee. By moai waar kin men Inkhuzen lizzen sjen. De earste kilometer foar de kust bestiet út helder ûndjip wetter. Tusken Murns en riis leit de Rysterbosk.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant midden 18e ieu stie hjir in tsjerke. Yn de Twadde Wrâldkriich is de eardere klokkestoel fernield troch in delstoartend fleantúch. By de Iselmar stiet yn it natoergebiet De Mokkebank in lytse wynmotor.

[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Strjitten

Breelenswei, Murnserdyk, Wieldyk.


Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen