Wikel (Gaasterlân-Sleat)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wikel
Flagge fan Wikel Wapen fan Wikel
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wikel
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Ynwennertal (2008) 707
Webstee Webstek Wikel
Wijckel Wikel.jpg
De tsjerke fan Wikel (2008)

Wikel is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, súd fan de Sleattemer Mar. It doarp hat likernôch 707 ynwenners (2008).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Tsjerke

Yn de buorren stiet de Fêste Burchttsjerke, de herfoarme tsjerke út de 14e ieu. Doe wie it in krústsjerke, no in sealtsjerke dy't wijd wie oan Sint Gregoarius. De liedklok is fan 1388. Yn de tsjerke leit it prielgrêf fan baron Menno van Coehoorn (1641-1702) de ferneamde festingbouwer. It leit tusken de grêfstiennen fan syn soannen Hindrik Casimir († 1756) en Gozewijn Theodoor († 1736). En stiennen foar in skoansoan fan Gozewijn Theodoor fan Coehoorn, Frederik Willem fan Limburg Stirum († 1747) en Menno syn dochter Geertruyd Alegonde († 1737). Oan de râne fan Wikel leit oan it Menno van Coehoornbosk. Yn dit bosk, ek wol it "Du Toursbosk" neamd, stie fan ûngefear 1680 oant 1811 it slot Meerenstein fan de baron Van Coehoorn. Hjir steane ek in soad stinzeplanten. De bosk wurdt beheard troch It Fryske Gea.

[bewurkje seksje] Mienskip

Yn Doarpshûs Irene hat de feriening foar Pleatslik Belang har gearkomsten. Basisskoalle De Reinbôge is de skoalle fan it doarp en It Kiedelstientsje it pjutteboartersplak. Op it iepen plak yn de bosk leit no de iisbaan.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • De Bargebeck - biljerten
  • Melodia - muzyk
  • Oan Set - damjen en skaken
  • DTG - kuorbal

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Yn 2005 is der in boek oer de skiednis fan Wikel ferskynd.
  • Bekende ynwenster is hurdrydster Marrit Leenstra
  • Yn it tichtby lizzende natoergebiet de Sânpoel stiet ek in tsjasker.

[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier

[bewurkje seksje] Strjitten

De Finkebuorren, Dokter Hattinkstrjitte, Du Toursstrjitte, Festing, Gaastfjurwei, Heerenhoogwei, Iwert, J Hornstrawei, Jachtlustwei, Lijnbaan, Lunenburchpaad, Menno van Coehoornwei, Meerenstein, Munnikeleane, Sânmar, Vogelzangwei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen