Jetze Doorman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jetze Doorman
Namme Jetze Doorman
Bertedatum 2 july 1881
Berteplak Balk
Stjerdatum 28 febrewaris 1931
Stjerplak Breda
Sportive ynfo
Sport Skermje
Moderne Fiifkamp
Underdiel(en) Degen - Sabel
Earste titel EK Sabel 1907
Olympyske Spullen Stockholm 1912
Antwerpen 1920
Parys 1924


Jetze Doorman (Balk, 2 july 1881Breda, 28 febrewaris 1931) wie in Frysk skermer. Hy die tusken 1908 en 1924 mei oan fjouwer Olympyske Spullen en wûn dêrby fjouwer brûnzen medaljes. Yn 1909 waard hy Nederlânsk kampioen Sabel.

Olympyske Spullen[bewurkje seksje | edit source]

Doorman wie in beropsmilitêr. Hy trochrûn de Keninklike Militêre Akademy en wie efterelkoar twadde-luitenant, earste-luitenant en sûnt 1918 kapitein by de artillery. Yn 1906 die hy mei oan de offisjeuze Tuskenspullen yn Atene. In jier letter waard hy yn Parys Europeesk kampioen op de sabel, ûnder mear troch de Frânske graaf Georges de la Falaise en de Grykske Olympysk kampioen fan 1896 Ioannis Georgiadis te ferslaan. In 1908 die hy yndividueel én yn teamferbân mei oan de Olympyske Spullen yn Londen, sûnder in medalje te winnen. Op de Spullen fan 1912, 1920 en 1924 foel hy wol yn de prizen. Yn 1912 wûn hy mei it Nederlânsk team brûns op de ûnderdielen degen en sabel, yn 1920 en 1924 wûn it team brûns mei de sabel. By de Spullen fan 1912 die er ek noch mei oan it ûnderdiel Moderne Fiifkamp.

Reedriden[bewurkje seksje | edit source]

Utsein skermer wie Doorman ek in fertsjinstlik reedrider. Sa die er yn 1912 as wedstriidrider mei oan de twadde Alvestêdetocht. Doe hat er twa dielnimmers rêden dy't troch it iis sakke wiene, dêrnei moast er sels ferklomme opjaan. Yn 1914, koart foar it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich, wie er legere yn in soarte fan fredesmissy yn it ûnôfhinklike Albaanje, dêrby kaam de Nederlânske majoar Lodewijk Thomson om. Jetze Doorman wie in folle neef fan skout-by-nacht Karel Doorman en in oerpakesizzer fan generaal-majoar J.D. Doorman.

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: