Johann Olav Koss

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Johann Olav Koss
Johann Olav Koss 1.jpg
Namme Johann Olav Koss
Bertedatum 29 oktober 1968
Berteplak Drammen, Noarwegen
Sportive ynfo
Sport Reedriden
Underdiel(en) Langebaan, Oer-alles
Olympyske Spullen Tignes-Albertville 1992
Lillehammer 1994
Debút 1986
Karriêre-ein 1994
Ekstra Oprjochter fan Right To Play


Johann Olav Koss (Drammen, 29 oktober 1968) is in eardere Noarske reedrider.

Reedriden[bewurkje seksje | edit source]

Koss waard wraldkampioen oer-alles yn 1990, 1991 en 1994 en Europeesk kampioen oer-alles yn 1991. Yn 1992 wûn hy goud op de 1500 meter en sulver op de 10.000 meter by de Olympyske Spullen yn Tinges-Albertville. Yn 1994 wûn er goud op 1500, 5000 en 10.000 meter by de Spullen yn Lillehammer.

13.30.55[bewurkje seksje | edit source]

Foaral it wrâldrekord op de tsien kilometer by de Olympyske Spullen yn 1994 wie in grutte prestaasje. Syn tiid 13.30.55 wie mei grutte foarsprong de rapste tiid. Dit rekord waard pas yn it tiidrek fan de klapreed ferbrutsen.

Rekôrs[bewurkje seksje | edit source]

Persoanlike rekôrs[bewurkje seksje | edit source]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 37,98 7 jannewaris 1994 Hamar, Vikingskipet
1.000 meter 1.14,9 10 jannewaris 1993 Hamar, Vikingskipet
1.500 meter 1.51,29 16 febrewaris 1994 Hamar, Vikingskipet
3.000 meter 3.57,52 13 maart 1990 It Hearrenfean, Thialf
5.000 meter 6.34,96 13 febrewaris 1994 Hamar, Vikingskipet
10.000 meter 13.30,55 20 febrewaris 1994 Hamar, Vikingskipet

Wrâldrekôrs[bewurkje seksje | edit source]

Nr. Ofstân Tiid Datum Baan
1 3000 meter 3.57,52 13 maart 1990 It Hearrenfean, Thialf
2 5000 meter 6.41,73 9 febrewaris 1991 It Hearenfean, Thialf
3 10.000 meter 13.43,54 10 febrewaris 1991 It Hearrenfean, Thialf
4 Grutte fjouwerkamp 157,396 26 febrewaris 1991 It Hearrenfean, Thialf
5 5000 meter 6.38,77 22 jannewaris 1993 It Hearrenfean, Thialf
6 5000 meter 6.36,57 13 maart 1993 It Hearrenfean, Thialf
7 5000 meter 6.35,53 4 desimber 1993 Hamar, Vikingskipet
8 5000 meter 6.34,96 13 febrewaris 1994 Hamar, Vikingskipet
9 1500 meter 1.51,29 16 febrewaris 1994 Hamar, Vikingskipet
10 10.000 meter 13.30,55 20 febrewaris 1994 Hamar, Vikingskipet

Nei it reedriden[bewurkje seksje | edit source]

Nei syn kariêre as reedrider, makke Koss syn genêskundestúdzje ôf. Hy gong oan de slach as ambassadeur foar UNICEF en waard lid fan it YOK. Yn 1999 troude Koss mei de Kanadeeske sakefrou en politika Belinda Stronach. Dit houlik hâlde gjin stân en yn 2003 binne se skieden. Yn 2009 troude Koss foar de twadde kear, by syn twadde frou hat er in soan.

Right To Play[bewurkje seksje | edit source]

Right To Play is in organisaasje oprjochte troch Johann Olav Koss dy't ûntstien is út Olympic Aid in yn 1992 troch it Olympysk Organisaasje Komitee fan de spullen yn Lillehammer oprjochte goede doelen organisaasje. Mei dizze organisaasje wol Koss him ynsette foar de rjochten fan bern dy't it it dreechst hawwe. De programma's fan Right To Play rjochtsje har op famkes, minsken mei in beheining, bern mei HIV en AIDS, bern dy't op strjitte libje, eardere bernsoldaten en flechtlingen. De organisaasje is yn sa'n 20 lannen aktyf mei 41 projekten, en belûkt wraldwiid topsporters as ambassadeurs by de aktiviteiten. De organisaasje hat kantoaren yn Nederlân, Noarwegen, Switserlân, Itaalje, Ingelân, De Feriene Steaten en Kanada - dêr't ek it haadkantoor festige is. Koss is hjoed de dei algemien direkteur fan Right To Play.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: