De Lier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje yn de gemeente Westland

De Lier is in plak yn de provinsje Súd-Hollân yn Westland. Der binne sa'n 11.925 ynwenners (novimber 2008). Oant 1 jannewaris 2004 wie De Lier in selsstannige gemeente, dêrnei gie dizze op yn de gemeente.

Yn opfallend gebou yn De Lier is de skeansakke, stompe Domtoer. De toer en tsjerke binne boud mids 14e ieu. Yn 1572 baarnde de tsjerke nei bliksemynslach hielendal ôf. De Lier hat ek in museum: de Timmerwerf. Yn dit 16e-ieuske pân siet sûnt 1642 in timmerwurkplak. Yn de âlde houtloads sit no in teehûs.

Troch it sintrum fan De Lier rint it rivierke De Lee. De Lee rint fan de grientefeiling by Westerlee, nei Delft.

Ferkear en Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Busline 28 hat in soad stopplakken yn it doarp.
Troch de N223 is De Lier oansluten op de A4 en de A20. Fierder is De Lier oan de westkant oansluten op de Feilingrûte, in drokke ferkearsier foar (fracht)ferkear nei de grutste Blommefeiling fan’e wrâld, dy’t yn it doarp Honselersdijk stiet.

Berne yn De Lier[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]