Predikaat Keninklik

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Keninklik")
Gean nei: navigaasje, sykje

It Predikaat Keninklik is in predikaat dat oan grutte ûndernimmings of ferienings útrikt wurde kin. Dit predikaat is yntrodusearre troch de earste kening fan Nederlân, Loadewyk Napoleon. Hy rikte it predikaat yn 1807 út oan kulturele ynstellings. Op it stuit binne der likernôch 550 bedriuwen, ferienings en ynstellings dy’t it predikaat fiere meie.

[bewurkje seksje] Proseduere

De keninginne kin in bedriuw, feriening of oare ynstelling it rjocht jaan om it predikaat Keninklik te fieren. Om yn oanmerking te kommen foar it predikaat moat in organisaasje oan in oantal betingsten foldwaan.

De organisaasje moat:

  • In belangryk plak yn it fakgebiet ynnimme.
  • In lanlike rol ha.
  • Hûndert jier bestean (hjir wurde útsûnderings op makke).

Normaal sprutsen ûnderskiedet de keninginne net mear as ien organisaasje per fakgebiet. Medyske en finansjele ynstellings komme net yn oanmerking, lykas organisaasjes dy’t in politike en/of religieuze doelstelling ha.

Om yn Nederlân yn oanmerking te komme foar it predikaat Keninklik kin in ûndernimming, feriening of ynstelling in fersyk dwaan by de boargemaster fan it plak wêr’t de organisaasje fêstige is. De buorgemaster sil dan ynformaasje ynwinne by de Kommissaris fan de Keninginne, ministearjes en de Keamer fan Keaphannel.

As de oanfraach goedkard wurdt, moat de ûndernimming of feriening har ferbine oan de ‘Bepalingen it predikaat Keninklik oanbelange ’. De belangrykste ferplichting is dat de organisaasje alles litte sil wat de reputaasje fan de ynstelling skea oandwaan kin. Dêrneist wurdt de organisaasje ferplichte om de dokuminten (it ôfskrift fan de Keninklike Beskikking, de oarkonde en it eksimplaar fan dizze bepalings) dy’t by it predikaat hearre soarchsum te bewarjen. De feriening mei, as it predikaat útrikt is, de namme ‘Keninklik’ oan de namme tafoege wurde. Ek mei de Keninklike Kroan, of in ferzje hjirfan, yn it embleem opnimme.

In predikaat wurdt allinnich by in bysûnder jubileum (bygelyks by it 100-, 125-, of 150 jierrich bestean) útrikt. De organisaasje moat fan ûnbesprutsen gedrach en finansjeel sûn wêze. It predikaat wurdt foar 25-jier oan in ynstelling útrikt.

Ek kin in predikaat tuskentiids ôfnomd wurde. De Keninklike Ahold NV is hjir in foarbyld fan. Nei it boekhâldskandaal fan it bedriuw rûn it bedriuw it gefaar om it predikaat kwyt te reitsjen. Op 24 july 2006 makke Keninginne Beatrix bekend dat Ahold it predikaat hâlde mocht.

[bewurkje seksje] Foarbylden

Inkele foarbylden fan ynstellings dy’t it predikaat Keninklik fiere meie:

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Ynformaasje oer it predikaat Keninklik op de webstee fan it Keninklik Hús.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen