Ter Aar
Ter Aar, yn de folksmûle ek wol Aardam, is in plak yn de gemeente Nieuwkoop yn de provinsje Súd-Hollân. De gemeente hat 9000 ynwenners (2007) en hat in oerflakte van 21,71 km² (wêrfan 2,36 km² water).
De gemeente Ter Aar is op 1 jannewaris 2007 mei Liemeer en Nieuwkoop opgean yn de gemeente Nieuwkoop.
Ynhâld |
Lizzing [bewurkje seksje]
Ter Aar leit flakby Alfen oan de Ryn en op 30 km fan Amsterdam. Kwa sneldiken leit Ter Aar net sa geunstich: de opritten dy't it tichtsteby binne lizze by Bodegraven (A12) en Leimuiden (A4), dêr't Ter Aar krekt tuskenyn leit.
Skiednis [bewurkje seksje]
De namme Ter Aar is ôflaat fan it kanaal 'De Aar', it hjoeddeiske Aarkanaal.
Gemeentewapen [bewurkje seksje]
By keninklik beslút is op 28 desimber 1859 oan de gemeente Ter Aar in wapen ferliend. De beskriuwing fan it wapen ist: "wêzende in skyld parti, it earste diel fan kiel (read), it twadde fan goud mei in klimmende foks fan kiel".
Oare kearnen [bewurkje seksje]
ôf.
De oare kearnen binne Korteraar, Langeraar en Papenveer. Oantal ynwenners per kearn per 1 jannewaris 2005:
| Kearn | Oantal ynwenners |
| Aardam | 4686 |
| Korteraar | 765 |
| Langeraar | 2435 |
| Papenveer | 1106 |
| totaal | 8992 |
Fúzje [bewurkje seksje]
Op 1 jannewaris 2007 fusearret de gemeente Ter Aar mei de gemeenten Liemeer en Nieuwkoop. De nije namme is noch net bekend. Op't heden wurdt de nije gemeente oantsjutten as Nieuwkoop, mar de namme sil wierskynlik noch feroarje.
Berne yn Ter Aar [bewurkje seksje]
- Petra de Bruin, hurdfytster
- Jody Pijper, sjongster
- Lenie van der Hoorn, reedrydster (earste froulike winner Alvestêdetocht yn 1985)
- Jan van der Hoorn, hurdrider (winner Alvestêdetocht 1947)
- Mariska van Rossenberg, freondinne fan Frans Bauer
Basisskoallen [bewurkje seksje]
- De Fokseskâns
- De Fontein
- It Kompas