Marten van der Kooij

Ut Wikipedy
Marten van der Kooij
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1903
berteplak Hylpen
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel Alvestêdetocht

Marten van der Kooij (Hylpen, 1903 – dêre?, 19??) is in Fryske hurdrider út Hylpen.

Op 28 febrewaris wurdt de twadde Alvestêdetocht fan 1929 ferriden, op inisjatyf fan trije kafeehâlders út Ljouwert. It wurdt ek wol de Tolhúster Alvestêdetocht neamd, nei it kafee fan ien fan de inisjatyfnimmers. Kafee it Tolhûs wie begjin en ein fan dizze tocht. 48 Dielnimers soargen foar striid dy't like fûl wie as yn de offisjele tocht. De tocht waard wûn troch Marten van der Kooij út Hylpen, yn de tiid fan 10 oere en 32 minuten. Doarpsgenoet IJpe Smid út Hylpen kaam ien minút letter oan. Dizze tocht is ek de tocht dy't it lêst yn it jier ferriden is, de offisjele tocht fan 1986 komt net fierder as 26 febrewaris.