Sint Janskleaster

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "St. Janskleaster")
Gean nei: navigaasje, sykje

St. Janskleaster is in doarp yn de Kop fan Oerisel. It doarp mei de omlizzende gebieten wurdt Ambt Follenhove neamd en leit yn it Lân Follenhove. Sûnt 1 jannewaris 2001 heart it by de gemeente Stienwikerlân. Sint Janskleaster hat sawat 2500 ynwenners. De bekendste eartiidske ynwenner fan it doarp is sûnder mis Evert van Benthem, twafâldich winner fan de Alvestêdetocht. Yn it doarp stiet in stellingmole út 1857, de Muontsemole en in tsjaskermole, De Foeke.

Sint Janskleaster falt ûnder it de himrik fan Follenhove, ek wol Lân Feno neamd, dêr't ek Barsbeek, Heetveld, Leeuwte, Moespot, Kadoelen en De Krieger ta hearre.

Blommekorso[bewurkje seksje | edit source]

It doarp is yn wide omkriten bekend troch it blommenkorso, dat dêr elk jier op de tredde sneon fan augustus hâlden wurdt. It korso lûkt tuzenen minsken en de regionale televyzjestjoerder TV-East docht der ferslach fan. De pleatslike bewenners binne moannen yn it foar al mei de tariedings dwaande. De fersiering fan de metershege prealweinen wurde meast dahlia's foar brûkt. It tal dahlia's ferskilt fan 150.000 oant 350.000 stiks de korsowein. It korso lûkt op de 3e freed fan augustus troch Sint Janskleaster.

Tsjerklik libben[bewurkje seksje | edit source]

It doarp hat fjouwer tsjerkegebouwen.

Besikerssintrum De Wieden[bewurkje seksje | edit source]

Bûten Sint Janskleaster leit it Besikerssintrum De Wieden fan Natoermonuminten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]