Ikkerwâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjerke fan Ikkerwâld
Molkfabryk De Dokkumer Wâlden om 1950 hinne

Ikkerwâld is in earder doarp yn de gemeente Dantumadiel. Op 1 jannewaris 1971 waard it, mei Dantumawâld en Moarrewâld gearfoege ta Damwâld. Ikkerwâld lei fan dizze trije doarpen it meast westlik.

Ikkerwâld is nei alle gedachten yn de 13e ieu boud om in tsjerke. De hjoeddeiske tsjerke is fan 1849. Dizze is boud op itselde plak dêr’t al earder in tsjerke stie. Eartiids stie hjir it koperative molkfabryk "Dokkumer Wâlden en omkriten". Dizze molkfabryk waard yn 1899 oprjochte op inisjatyf fan dokter Van der Sluis en skoalmaster Woudstra. Yn 1969 fusearre it molkfabryk mei “Noordoostergo” yn Dokkum en it fabryk yn Ikkerwâld gie ticht.

It tsjintwurdige doarp Broeksterwâld hearde oant 1964 ta Ikkerwâld. It buorskip hjitte doe De Ikkerwâldster Broek.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]