Rinsumageast

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rinsumageast
Flagge fan Rinsumageast Wapen fan Rinsumageast
Flagge Wapen
Lokaasje fan Rinsumageast
Gemeente Dantumadiel
Ynwennertal (2004) 1100
Webstee Oer Rinsumageast
Aleksandertsjerke fan Rinsumageast
Sealtektoer fan de Aleksandertsjerke yn Rinsumageast
De Klaarkampstermûne ûnder Rinsumageast

Rinsumageast, ek: De Geast, is in doarp yn de gemeente Dantumadiel mei likernôch 1100 ynwenners. It is it meast westlike doarp fan de Dokkumer Wâlden. Troch it doarp rint de Moark, dêr't ferskate brechjes oerhinne lizze. Yn 'e buorren stiet it Rjochthús. De Geast, sa't it doarp ek bekind stiet, wie oan't 1881 it haadplak fan de gemeente foardat it nije gemeentehús yn Moarrewâld boud waard.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Rinsumageast stie eartiids bekend as Ringesheim, neamd nei in âld wetter de Moark dat troch it doarp kaam. De namme komt fan it Alddryske "hring", dat in slingerjend wetterte is. It is in âld doarp, ea stienen der fjouwer stinsen om 'e Geast hinne, mar dy binne lykwols allegearre fuortrekke. De Juwsmastate waard troch Ljouwerters en de buorman fan de Tjaarda State ferwoaste. De Melkemastate dêr't de Aylva's wennen is it earst sloopt. De Eysingastate is yn 1805 nei in brân ôfbrutsen. En Tjaardastate dêr't Schelte fan Tjaarda wenne is sloopt yn 1834.

En net te ferjitten it Kleaster Klaarkamp fansels, dêr't it Clearcampster Bitterke noch fan tsjûget. Sirka 1165 waard op dizze terp Ringesheim it Sistersjenzer kleaster Klaarkamp stifte. Yn 1580 waard dat opheft. De besittings ferfoelen oan de Steaten fan Fryslân. De terp dêr't Klaarkamp op stie waard tusken 1858 en 1941 ôfgroeven, de grûn waard ferkocht.

Bynamme[bewurkje seksje | edit source]

De bynamme foar ynwenners fan Rinsumageast is 'Hûnewippers'. Dizze term komt út it hûnegoaien dat earder organisearre waard op de merke fan it doarp. Op de earste freed fan septimber wie der hynstemerk en de oare deis merke. De nije bewenners yn Rinsumageast moasten dy sneon mei bleate holle ûnder de flagge trochrinne, dy't trijeris oer har hinne swaaid waard. Se wienen dan ynwijd en opnomd yn de doarpsmienskip. Der moast dan noch wol in 'foai' jûn wurde, dy't letter yn de herberch yn drinken omsetten waard. As slotnûmer kaam dan it "hûnewippen" op de brêge. De bedoeling wie ien of mear hûnen te fangen. Inkele manlju stienen al ree mei in koarde dat men slop hingje liet. Yn de midden waard de hûn dêrop setten, wêrnei't it tou mei krêft oanlutsen waard. Sa waard de hûn oer de feart yn'e midden fan it doarp hinne gisele. Manlju stienen dan ree om de hûn te heinen. As soks mislearre klapte de hûn op de stiennen. Tsjintwurdich wurdt dit net mear mei libjende hûnen dien.

Aleksandertsjerke[bewurkje seksje | edit source]

It âldste diel fan de romaanske herfoarme Aleksandertsjerke fan Rinsumageast komt út de 11e ieu. Yn de 13e ieu is de tsjerke fergrutte troch de oanbou fan in let-goatyske sydbeuk oan de súdkant fan de tsjerke en 3 skippen. Yn de 16e ieu waard dit wer feroare yn 2 skippen. Under it koar sit in foar Noard-Nederlân seldsume krypt, in ferburgen kapeltsje ûnder de grûn. De toer hat as bekroaning in saneamd sealtek. Om de tsjerke lizze in tal aadlike grêven, mei "napkestiennen". Dit binne balstiennen mei rûne boargatten, dêr't nei alle gedachten yn de heidenske tiden, mar ek noch wool yn it Kristendom (temûk), fruchtberheidoffers yn stoppe waarden foar heidenske goaden. It boargrús dat by it boarjen fan de gatten ûntstie waard, sa 't sein waard, troch de froulju wol opiten, sa soenen se gauwer bern krije. It tsjerkestee soe eartiids in wichtich heidens kultusplak west hawwe kinne.

Rjochthûs[bewurkje seksje | edit source]

Yn it eardere rjochthûs fan Rinsumageast sit tsjintwurdich in restaurant de de eardere piip. Der binne plannen om de yn 1971 ôfbrutsen piip wer yn eare te herstellen. Foar 1880 wie Rinsumageest it haadplak fan Dantumadiel en de grytmannen kamen gear yn it rjochthûs "Het Wapen van Dantumadeel". Rinsumageest hat altiten in oansjenlik foarkommen hân troch de aadlike Tjaarda's, de Juckema's (of Juwsma's), de Eijsinga's en de Aylva's mei harren states.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Mei Sibrandahûs hat it doarp ien feriening foar Doarpsbelang dy't syn gearkomsten hat yn Doarpshûs De Beyer. Op de iere moarn fan 5 oktober 2007 is dit doarpshûs ôfbaarnd. De doarpsfeesten wurde meast yn juny hâlden.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • HSV Kûtsjitters - fiskjen
  • DCR - damjen
  • Fuotbalferiening VCR
  • Dreech Genôch - keatsen
  • Claercamp - tennis
  • Nij Libben - kuorbal

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Bekende Geastmers[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Aldewei -
  • Baron Van Sytzamawei -
  • Camstrastrjitte -
  • D.K. Boersmastrjitte -
  • De Fintsjes -
  • De Kapelle -
  • Dr. Ype Poortingawei - neamd nei de skriuwer Ype Poortinga
  • Eysingawei -
  • Fjildwei -
  • Fliet -
  • Galgeheech -
  • Heechfinne -
  • Juckemawei -
  • Klaarkampsterwei - kleaster Klaarkamp
  • Kolkhuzerwei -
  • Kûperspaad -
  • Lauwersseewei - rint rjochting de Lauwerssee
  • Master Frenkelstrjitte -
  • Melkemawei - neam nei Melkema State
  • Reidfjild -
  • Rjochthússtrjitte -
  • Skoallestrjitte -
  • Stiennendaamsterdyk -
  • Stinzepaad -
  • Thomas Sjolles Siniawei - Eartiids Heaerestrjitte, noch te werlieden oan de steatlike hearehuzen. Yn 1952 neamd nei Thomas Sjolles Sinia
  • Tjaerdawei - wei nei Tjaarda State
  • Trekwei -
  • Tsjerkestrjitte -
  • Tuskendammen -
  • Tuskenlytsen -
  • Tuskenmarren -
  • Van Aylvawei -
  • Van Burmaniastrjitte -
  • Wierewei -
  • Witewei -
  • Worp van der Geeststrjitte - Worp van der Geest is in oare namme foar Worp fan Thabor.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]