Gemme fan Burmania
Gemme van Burmania ( ± 1523 - Ferwert, 28 novimber 1602) wie in Fryske ealman.
[bewurkje seksje] Biografy
Fan Burmania waard om 1523 hinne berne as soan fan Douwe fan Burmania en Saapke fan Idsma. Gemme fan Burmania wie ôffurdige fan Fryslân by de ynhuldiging fan Filips II yn 1555. Neffens Pier Winsemius en Jac. Scheltinga (ûnrjochtlik) soe hy de eed fan trou net op knibbels ôflizze wold hawwe, hy spruts de wurden: "Wy Friezen knibbelje allinne foar God". Dat is in ferhaal oer it idealisearre byld fan in 'echte' Fries. Letter waard Gemme fan Burmania lid fan it Ferbûn fan de Eallju en waard dêrnei troch Alva ferbanne. Yn 1568 moast er dêrom útwike nei Keulen. Yn 1583 kearde er werom nei de Nederlannen en wenne er in stikmannich jierren yn Alkmar. Hy kearde dêrnei werom nei Fryslân en fêstige him op de Juwsmastate by Ferwert.
Fan Burmania hat twaris troud west. Hy troude de earste kear mei Jouck fan Haerda. Nei har ferstjerren by de berte fan harren fjirde bern, wertroude hy mei de widdo Juliana fan Aylva. Ut syn earste houlik waarden dus fjouwer bern en út syn twadde houlik seis bern berne. Hy stoar yn novimber 1602 op Juwsmastate. Hy waard op 5 desimber 1902 begroeven yn de Sint-Martinustsjerke fan Ferwert.