Doleânsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Doleantie is de namme foar in skuorring yn de tsjerke dy't yn 1886 syn beslach krige ûnder lieding fan dûmny Abraham Kuyper. Der wie doe al sa'n tweintich jier konflikt en diskusje yn de tsjerken oan foarôf gien.

De konflikten namen benammen ta nei in grifformeard kongres yn 1883. Dêr waard besletten dat het plichtmatig was het synodale juk af te werpen.

In tal tsjerkerieden (yn Amsterdam sa'n tachtich persoanen, waarden tydlik út harren amt set; oer it hiele lân folgen sa'n 300.000 persoanen de Doleânsje) briek mei it bestjoer fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Sy neamde harsels de Nederduits Gereformeerde Kerk (Dolerende) (1887) en joegen dêrmei oan dat hja harsels seagen as de fuortsetting fan de tsjerke dy't troch kening Willem I de namme Nederlandse Hervormde Kerk krige hie, mar heakken dêr de term 'dolerend' (Latyn foar 'kleiend') oan ta, omdat neffens har de tsjerklike organisaasje in nije reformaasje fan de tsjerke yn de wei stie, en omdat har it rjocht op it tsjerklik guod ûntstriden waard. Fierders wie der skeel oer de doop en de wize wêrop't de tsjerke bûn wie oan har belidenis (de Drie formulieren van enigheid). De tsjerklike bestjoeren waarden foarme troch, yn ferhâlding, faak net-ortodokse predikanten. Ut protest waard de Nieuwe Kerk fan Amsterdam beset.

De Doleânsje wie ien fan de twa grutte ôfskiedings fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke yn de 19e ieu. De oare wie de Ofskieding fan 1834, hoewol't by de Doleânsje folle mear lidmaten de Herfoarme Tsjerke ferlieten as by de Ofskieding it gefal west hie. Troch de Doleânsje ferlear de Herfoarme Tsjerke yn ien klap ±10 persint fan har leden; by de Ofskieding wie dat beheind bleaun ta rom 1 persint fan har leden.

Formeel waard Kootwijk de earste Dolerende Tsjerke, mei't op 7 febrewaris 1886 de earste ôfstudearre kandidaat fan de ortodoks-grifformearde Frije Universiteit (Jan Hendrikus Houtzagers) as dominee befêstige waard, sûnder te wachtsjen op de fertsjintwurdigers fan it klassisbestjoer, neidat sy 17 jier sûnder predikant sitten hienen.
Dizze aksje waard ûndernaam op it oanrieden fan ds. Willem van den Bergh fan Voorthuizen, dêr't it beslút ta Doleânsje al op 10 septimber 1885 naam wie, mar earst op 8 febrewaris 1886 bekend makke waard. Op 9 febrewaris folge de gemeente fan Reitsum de Doleânsje ûnder de lieding fan ds. J. J. A. Ploos van Amstel.

De dolearenden foarmen yn 1892 de saneamde Vereniging mei hast de hiele Kristlik Grifformearde Tsjerke dy't ûntstien wie nei de Ofskieding fan 1834. Sy neamden harren tenei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Der wurdt wol sein dat de Doleânsje in ferfolch op It Réveil út de jierren tritich fan de 19e ieu wie.

Doleânsje yn Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

Op 17 augustus 1886 fergaderen de earste fiif 'dolearende' tsjerken yn Reitsum. Kollum en Leiderdorp wienen de fjirde en fyfde gemeente. Op 18 augustus wie der in gearkomst yn Ljouwert dêr't 1000 minsken op ôf kamen. Foaral nei it tsjerklik kongres fan 11-14 jannewaris 1887 sette de beweging troch. Yn de jierren 1887 oant 1890 ûntstienen yn Fryslân sa'n 70 nije gemeenten en dienen 9 predikanten mei. De predikanten wiene: Ploos van Amstel, G. H. van Kasteel, W. Maan (Stynsgea), L. Wagenaar, J. Langhout (Eanjum), J. Sikkel, K. Fernhout (Tsjom), G. Wisse (Garyp) en P. Eringa (Burdaard).

Yn Eanjum en Wûns gie de hiele tsjerkerie mei oer, op oare plakken waard in nije tsjerkeried keazen. De Doleânsje gie út fan de soevereiniteit fan de pleatslike tsjerke. Men wie net sa sear út op in ôfskieding, mar woe werom nei de belidenis en de Doardtske Tsjerkeoarder en ferbriek slechts het verband met de opgelegde, onwettige organisatie. Dat de dolearenden makken ek oanspraak op tsjerkegebouwen en oar besit fan de Herfoarme Tsjerke. Men gie nei de rjochter, mar ferlear de prosessen. Yn plakken as Wûns en Hilaard waard fûl striden om de tsjerken. De kwestje Wûns kaam sels yn de Twadde Keamer, dêr't jonkhear A. F. de Savornin Lohman pleiter foar de dolearenden fan Wûns wie.

De Doleânsje fûn yn Fryslân de measte neifolging yn de Súdwesthoeke, Hinnaarderadiel, Wûnseradiel en de Dongeradielen.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • W. Bakker e.a. (red.), De Doleantie van 1886 en haar geschiedenis (Kampen 1986)
  • D. Deddens, J. Kamphuis (red.), Doleantie-Wederkeer. Opstellen over de Doleantie van 1886 (Haarlim 1986)
  • ‘1886: jaar van de Doleantie’, temanûmer Documentatieblad voor de Nederlandse Kerkgeschiedenis 22-23 (jannewaris 1986)
  • C. Augustijn, De spiritualiteit van de dolerenden, yn: C. Augustijn, J. Vree, Abraham Kuyper vast en veranderlijk (Zoetermeer 1998), s. 183-199

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: