Rokoko
Rokoko is in Jeropeeske stylperioade dy't duorre fan ±1720 - ±1775. De namme is in gearfoeging fan it Frânske rocaille, in asymmetrysk skelpmotyf dat men yn de 18e ieu oantreft yn benammen tapaste keunst, en it Italjaanske barocco, dat barok betsjut.
Rokoko ûntstie yn Frankryk en wreide him foaral út nei Súd-Dútslân. Om 1760 hinne krijt men syn nocht fan dizze frivoale styl dý't dan wer plak meitsje moast foar in ta nij libben kommend klassisisme.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Dekoraasje
Asymmetry is in wichtich Rokoko-skaaimerk, de klam leit op sierlikens en it leaflike- loftige karakter. It kleurgebrûk is út soarte sêft, faak yn pasteltinten.
Wat dekoraasje oanbelanget wurdt de Barok fuortset yn it Rokoko, mat it wurdt fragmintarysker en lytsskealiger. Monumintaliteit makket plak foar lossere foarmen, fleurigens en frivoliteit; de ûnderwerpen wurde minder earnstich. Dit falt tagelyk mei in minder strange sosjale en morele koade yn de doetiidske mienskip, alteast yn de boppelaach.
[bewurkje seksje] Muzyk
Yn de muzykskiednis is Rokoko de styl dy't fuorkaam út de Barokmuzyk. Rokoko hat yntime keamermuzyk, tige ferfynd opkreazge. Bekende rokoko-komponisten wienen:
- Johann Christian Bach
- Carl Philipp Emanuel Bach
- Louis-Claude d'Aquin
- Wolfgang Amadeus Mozart
- Jean-Philippe Rameau
[bewurkje seksje] Literatuer
- Baarsen, Reinier: Rococo in Nederland ISBN 9040095779
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Rococo en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |