Barokmuzyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Barokmuzyk is in foarm fan westerske klassike muzyk, ûntstien yn de Barok.

As styl wie it de opfolger fan de renêssânsemuzyk. De perioade dêr't benammen barokmuzyk yn komponearre waard wurdt pleatst tusken sawat 1600 (it opkommen fan de monody, ûnder oare troch Monteverdi) en 1750, it jier fan ferstjerren fan Johann Sebastian Bach.

Jacob Burckhardt brûkte yn 1855 as earste de term barok om in beskate stylperioade yn de keunst oan te tsjutten. In goed heale ieu letter wurke Alois Riegl de stylskaaimerken fierder út yn syn boek Die Entstehung der Barockkunst in Rom.

De barokmuzyk koe yn it bysûnder bedije troch de bloeiende muzykkultuer by ferskate Jeropeeske foarstehôven. In soad rike lju fan oansjen hiene muzisy/komponisten yn tsjinst en/of fungearren as har mecenas. In soad heechtijdagen en festiviteiten waarden opfleure troch spesjaal foar dy gelegenheid yn opdracht komponearre stikken. Ek foar tsjerklike earetsjinsten waarden yn it tiidrek fan de barok nije muzykfoarmen stal jûn.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skaaimerken fan barokmuzyk

Skaaimerken fan barokmuzyk binne ûnder oare:

[bewurkje seksje] Muzykynstruminten

[bewurkje seksje] Foarmen fan barokmuzyk

Foarmen fan barokmuzyk binne ûnder oare:

[bewurkje seksje] Komponisten fan barokmuzyk

(neffens bertejier)

[bewurkje seksje] Ynterpreten fan barokmuzyk

[bewurkje seksje] Solisten/diriginten

[bewurkje seksje] Ensembles

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen