Arcangelo Corelli

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Arcangelo Corelli

Arcangelo Corelli (Fusignano (Imola),17 febrewaris 1653 - Rome, 8 jannewaris 1713) wie in Italjaansk fioelist, komponist en muzyklearaar.

Hy studearre yn Bologna en om 1685 hinne ferhuze er nei Rome, dêr't ewr syn earste sonates foar fioele publisearre. Hy wenne dêr yn it paleis fan syn beskermhear kardinaal Pietro Ottoboni. Corelli besocht ek Modena en Napels. Hy dirigearre yn it Romeinske ferbliuw fan Kristina fan Sweden en hie in protte studinten, dêr't Francesco Geminiani en Pietro Locatelli ûnder wienen. Corelli syn wurk wie tige populêr yn hiel Europa.

Corelli syn oeuvre bestiet ûnder oaren út in searje konserti grossi, keamersonates ensaf..

De Russyske komponist en pianist S. Rachmaninov (1873-1943) komponearre it wurk Fariaaasjes op in tema fan Corelli, dat in oantal fariaasjes foar piano op it ferneamde La Folia tema út Corelli's fioelsonate op. 5 no. 12 hat. Rachmaninov wie net de lêste dy't dat tema bewurke hat.

Audio[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Arcangelo Corelli en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.