Dwersfluit

Ut Wikipedy
Dwersfluit
Fluitiste mei dwersfluit

In dwersfluit - yn in klassyk orkest gewoan fluit neamd - is in blaasynstrumint dat dwers op de lippen blaasd wurdt; de luchtstream út de mûle stiet heaks op de boarring fan it ynstrumint. De lytsere en heger stimde útfiering wurdt pikkolo neamd,de gruttere útfierings altfluit en basfluit. De moderne dwersfluit, hjoed-de-dei (2007) meast fan metaal, is troch Theobald Böhm stal jûn út de traverso dy't meast fan hout wie. Böhm ûntwurp in kleppesysteem dat it mooglik makke om mei 10 fingers hielendal gromatysk spylje te kinnen. Dat kleppesysteem (Böhm-systeem) is letter (foar in part) oernommen foar de hobo en de klarinet. Ek makke er de boarring oars: it kopstik fan de Böhmfluit is koanysk en net silindrysk lykas by de traverso, wylst it korpus krekt al silindrysk is, yn tsjinstelling ta it koanysk (taps tarinnende) korpus fan de traveso. De moderne pikkolo hat oars noch wol de âlde boarring sa't de traverso dy hie.

In dwersfluit bestiet út in smelle, rjochte buis mei trije ûnderdielen, te witten it kopstik mei in lippeplaat, it middenstik mei kleppen dy't troch de fingers beweecht wurde kinne en it fuotsje as ekstraatsje om noch legere toanen spylje te kinnen. Hy wurdt by it spyljen dwers nei rjochts holden. De dwersfluit hat in toanomfang (ambitus) fan mear as trije oktaven.

Hoewol't dwersfluiten tsjintwurdich gauris fan metaal makke wurde, wurde se tradisjoneel by de houtblazers rekkene. Fan alle houtblazers hat de dwersfluit it minste tal klappen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]