Stiens

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing fan Stiens
de himrik fan Stiens

Stiens is it haadplak fan de gemeente Ljouwerteradiel. It doarp leit benoarden Ljouwert. Stiens is it grutste doarp fan de gemeente mei 7.780 ynwenners (2008). De buorskip It Tichelwurk wurdt ek ta Stiens rekkene.

De namme[bewurkje seksje | edit source]

De namme Stiens is net maklik te ferklearjen. Guon tinke dat de namme fan Steninge komt. Dat soe dan betsjutte: 'hearrend by stien'. Oaren tinke oan de persoansnamme Stene. Yn âlde akten wurdt Stiens Steens, Steense of Stiensede neamd.

De skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It sintrum fan Stiens ± 1950

Der wurdt oannommen, terpfynsten wize der ek op, dat der 300 foar Kristus al terpen opsmiten binne op de kwelderwâl.

De earste skriftlike boarne is út 1399. Yn dat jier beliende greve Albrecht fan Beieren fan Hollân Gerryt fan Camminga út Ljouwert mei de doarpen Steensede, Wurdum en Ferwert. Letter rekke Stiens belutsen yn de striid tusken Skieringers en Fetkeapers, trochdat de Ljouwerter eallju Fetkeapers wienen en de Stienzer eallju Skieringers.

Sa om 1900 hinne waard Stiens in plak dêr’t rinteniers harren delsetten. Stiens krige sa de namme dat in deftich doarp wie. Dit waard befoardere trochdat Stiens oan de Noarder Lokaal Spoarwei kaam te lizzen. Stiens krige sels in stasjon fan de earste klasse.

Yn 1943 waard it sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel part fan Ljouwert (gemeente). Stiens waard doe it haadplak fan wat der fan de gemeente oerbleau. It hat noch in skoft duorre foar’t it gemeentehûs ek yndie yn Stiens kaam. Dit hat der miskien ek mei te krijen hân dat der plannen wienen om wat der fan Ljouwerteradiel oer wie by Ferwerderadiel te foegjen. Dy plannen binne lykwols net trochgean, ûnder oaren om't it rjochtse Ferwerderadiel der leaver net safolle linksen bykrije woe.

Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | edit source]

It wurk fan de yllegaliteit bestie yn haadsaak út it opheinen en ûnderbringen fan de tsientallen troch de “Beurs” oan de groep Stiens tawiisde ûnderdûkers: Joaden, minsken dy’t net yn Dútslân wurkje woene, amtners dy’t wegeren harren wurk te dwaan en minsken út de yllegaliteit dy’t socht waarden. Op ferskate plakken yn Ljouwerteradiel wiene ûnderdûkadressen dêr’t de L.O. de ûnderdûkers ûnderbringe koe: rinnend, op ’e fyts, en in inkelde kear mei de auto fan dokter Brünner, dy’t noch ride mocht omt wer dokter wie. De L.O.-Ljouwerteradiel frege foar de ûnderdûkte minsken by de “sintrale” yn Ljouwert om ferfalske persoansbewizen en bonkaarten. Pasfoto’s foar de nije persoansbewizen waarden makke troch Klaas Westra dy’t ynearsten in sigarehannel yn Stiens derop nei hold, mar troch de oarloch net folle mear ferkocht en sadwaande der tiid foar frijmakke.
Sa wie it ferset likernôch yn Ljouwerteradiel opset en sa is it Noardertrimdel wat dit oangiet de oarloch trochkommen. It is de besetter nea slagge om, hoe dan ek, greep op de yllegaliteit te krijen. Alle yllegale wurkers hawwe de oarloch dan ek oerlibbe. Dat wol lykwols net sizze dat de Dútsers hielendal fan neat wisten fan ditoangeande. Tsjin de ein fan de oarloch waard dûmny Bender fan Stiens samar troch de SD oppakt en nei Ljouwert ta brocht. Hjir waard er wreed ûnderfrege. Nea is rjocht dúdlik wurden hoe’t se oan de namme fan ds. Bender komd wiene, ek net wêrom’t er oppakt waard. It slagge de dûmny om jûns nei syn arrestaasje in bryfke de finzenis út te krijen, dêr’t yn stie dat it mei him allegear goed wie: “De Groot moet echter verdwijnen” folge der efteroan. De Groot wie syn buorman en siet yn de LO en de BS yn Stiens. Noch deselde jûns waard De Groot ek troch in NSB-er yn it doarp warskôge. It slagge him út hannen fan de Dútsers te bliuwen. Fierder hat er nea fernommen dat der jacht op him makke waard. It wie doe al yn de neidagen fan de oarloch. Dûmny Bender waard nei in pear dagen nei Wilhelmshaven oerbrocht. Nei de oarloch is hy weromkommen.

Oarlochsmonumint Stiens

Alhoewol't it ferset yn it noarden fan Ljouwerteradiel gjin slachtoffers easke hat, binne yn de oarloch wol in pear ynwenners fan de gemeente omkommen. Binnen de gemeentegrinzen foelen nammers ek oare slachtoffers: op it tsjerkhôf fan Jelsum waarden sân alliearde militêren begroeven, yn it oarlochsjier 1942 op de weromreis fan in flecht boppe Dútslân troch Dútske jagers delsketten. Harren tastel sloech yn it Jelsumer Aldlân tsjin ’e grûn, deun by de Dokkumer Ie. De slachtoffers wiene de Britten J.J. Parish, G.M. Selway en J.D. Whitehead en de Austraaljers A.H. Beesley, S.F. Belbin, E.L. Davis en J.G. Crockett. Trije ynwenners fan Stiens stoaren yn de oarloch yn Dútslân. Tolsma, yn it Grinslanner Jispingshuizen berne lânarbeider, yn july 1944 yn Stiens oanhâlden omdat er him ûntwûn hie oan de ferplichte Arbeidsynset en letter op transport steld waard nei Dútslân dêr’t er net wer weikommen is. Doe’t yn ’e jûnsoeren fan 23 augustus 1944 de Dútsers in razzia hâlden yn it swimbad fan Stiens, waard de 21-jierrige Tamme Zijlstra oanhâlden. Hy waard nei Dútslân oerbrocht en stoar yn Alhelm. Yn jannewaris 1945 waard Arjen Heslinga út Stiens mei syn bruorren Sytse en Jacob oppakt om’t hja har net hâlden oan de fertsjusteringsfoarskriften doe’t in evakuee by fersin nachts de ljochten in kear brâne littenie waard dat troch in Dútske patrûlje opmurken. Arjen, Sytse en Jacob brochten se oer nei Sint Anne. Letter kamen Arjen en Sytse yn de straffinzenis fan Ljouwert wylst Jacob nei hûs ta mocht. Arjen bedarre yn Dútslân en yn 1945 kaam er siik yn Nederlân werom. Hy stoar yn in sikehûs te Delfsyl. Yn Dútslân is ek in arbeider fan it molkfabryk om it libben kommen. Van der Veen dy’t wenne yn ‘e buorskip Bartlehiem. Der foel noch in slachtoffer oan de ein fan de oarloch doe’t in Dútske patrûlje, dy’t oer de Grutte Buorren yn Stiens ried, troch Ingelske jachtfleantugen besketten waard. Hjir rekke de hear Hiemstra út Stiens by dea.

Razzia’s

De Dútsers hiene, benammen oan ‘e ein fan de oarloch, foar it wurk yn de fabriken yn Dútslân ferlet fan manlju. Dútske manlju waarden ferplichte har op te jaan foar wurk yn Dútslân. In stikmannich diene dit, de oaren wegeren, dûkten ûnder. Ien fan de plakken dêr’t ûnderdûkers sieten, wie it It Tichelwurk oan de Dokkumer Ie. Hjir wenne bakker Rinse Dijkstra. By in Dútske razzia op it Tichelwurk waarden meiinoar njoggen manlju oppakt, fiif fan har wiene ûnderdûkers. Hja binne allegear nei de oarloch libben út Dútslân weromkommen. Op snein 11 febrewaris 1945 sloegen de Dútsers twa kear ta, beide kearen yn in tsjerke. Moarns kamen se, mei speurhûnen ûnder de tsjerketsjinst de tsjerke fan Koarnjum yn. Njoggentjin manlju waarden fûn, in stik of wat koene troch yn it ferwulft fan de tsjerke te flechtsjen, ûntkomme. Fan dizze njoggentjin waarden fjouwer nei trije dagen selstraf wer frijlitten, de oare fyftjin waarden nei Drinte oerbrocht. Hja kamen op 16 april allegear behâlden yn Koarnjum werom. In tekening yn it foarportaal fan de tsjerke fan Koarnjum hâldt dit foarfal yn it ûnthâld. Deselde middeis prebearren de Dútsers dizze aksje yn Stiens út. Hjir sieten lykwols gjin ûnderdûkers yn de tsjerke: alle jonge manlju wiene mar thúsbleaun.

Hast oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch hawwe de Dútsers, sûnder dat ien der op fertocht wie, in ynfal dien yn it bûterfabryk yn Stiens. Hoe’t se hjir opkommen wiene is net dúdlik: nei de oarloch waard oannommen dat der ferrie yn it spul wie, mar it is nea oantoand. Op de souder fan it fabryk stiene in stik of wat radio’s wylst der ek ferbeane akku’s yn it fabryk stiene. Se waarden allegear yn beslach nommen en direkteur H. van der Keer waard meinommen nei Ljouwert.

States[bewurkje seksje | edit source]

Stiens hie alear in protte states. Der is eins neat fan oerbleaun want yn de rin fan de tiid binne de staten allegearre ôfbrutsen. In oantinken dêroan wurdt fûn yn de strjitnammen. De wichtichste state wie de Burmaniastate. Dy waard ek wol nei de earste eigners de Hajomastate neamd. De Burmania’s hawwe sa’n 150 jier yn Stiens wenne. De lêste bewenner hat Watze fan Burmania west. Hy is yn 1691 as militêr op see omkomd. Yn 1722 waard de state ferkocht oan de famylje Heringa fan Aisinga. Earne tusken 1723 en 1757 is de state ôfbrutsen. Der hat ek noch in Burmaniastate west op it Stienzer Aldlân.

In oare state wie Uniastate. De Unia’s hawwe lang yn Stiens wenne. Guon hawwe grytman fan Ljouwerteradiel west. Uniastate wie ferneamd om de plantagie. Dit wie in tún mei fruchtbeammen mei in singel fan ipen. Yn de folksmûle waard dit it Lyts Efterbosk neamd. Op it plak fan Uniastate is letter de âlde grifformearde tsjerke delsetten.

De tsjerken[bewurkje seksje | edit source]

De Sint Vitustsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Sint-Fitustsjerke

De herfoarme tsjerke fan Stiens is de Sint-Fitustsjerke. Dy is om 1100 hinne boud troch de tsjerke Sint Vitus fan Aldehou. De tsjerke waard wijd oan Sint Fitus en Sint Anne. De lytse Annaklok is út 1381 en is yn 2010 repareard

Om de tsjerke leit in tsjerkhôf yn in aaifoarm. Om it hôf hinne steane der 120 beammen fan sa’n 200 jier âld. De tagong is troch draaihekjes. Dit wie om’t feemerk om de tsjerke holden waard. Losrinnende kij koenen sa net op it tsjerkhôf komme.

De Menniste Gemeente[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1594 wurdt al neamd dat der Minnisten yn Stiens binne. Folle is dêr net oer bekend. Yn 1695 komt it ta it foarmjen fan in gemeente. Der wurdt sein dat der in tal fan sa’n 25-40 leden wienen. It hat eins noait in bloeiende gemeente west en dêrom waard der yn 1732 mar besletten om oer te gean nei de gemeente fan Hijum. Dy is letter wer fusearre mei de gemeente fan Hallum.

Yn 1944 wurdt der in rûnte foarme fan leden út Aldebiltsyl en Hallum. Dy is letter wer ferrûn. Yn 1954 wurdt der in nije rûnte foarme mei sa’n 25-30 leden. Yn 1974 krige dy rûnte de erkenning as de Meniste Gemeente fan Stiens. De tsjerketsjinsten waarden holden yn it gebou fan de Herfoarme evangelisaasje. Doe't de evangelisaasje wer ien waard mei de Herfoarme Gemeente, waard it gebou oan de muzykferieniging ‘Studio’ ferkocht mei as foarwaarde dat de menisten sneins it gebou brûke mochten. Studio krige in nij ûnderkommen en it gebou waard, mei stipe fan de leden, troch de Meniste Gemeente kocht. Earst komt der in gearwurkingsferbân mei de gemeenten yn Sint Anne en Aldebiltsyl, mar letter kaam der in kombinaasje Hallum/Stiens.

De Grifformearde Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De âlde Grifformearde tsjerke stie oan de Uniawei.

Yn de rin fan de 18e ieu krige de Herfoarme Gemeente fan Stiens útsprutsen ‘moderne’ dûmny’s. Under de otterdoksen ûntstie ûnrêst en dêrom sochten se oansluting by de Ofskieden Tsjerke yn Britsum, dy’t in 1862 stifte wie. Yn 1867 waard der in geboutsje stifte foar it hâlden fan tsjerketsjinsten. Fyf jier letter begûn der in foarming fan in eigen selsstannige tsjerke. Dy selsstannichheid kaam yn 1878. Der waard doe in tsjerke boud en yn 1880 koe ds. G. Elzenga syn yntree dwaan as earste ôfskieden dûmny fan Stiens. Yn 1892 gie de tsjerke oer nei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Nei de oarloch naam it tal leden sa ta dat de tsjerke oan de Uniawei te lyts waard. Yn 1972 waard der in nije tsjerke boud. Dy krige as namme: De Hege Stins.

Yn de rin fan de tiid kaam der in gearwurkingsferbân mei de Herfoarme Gemeente dat is útrûn op de foarming fan de Protestantske Gemeente fan Stiens.

De mûnen[bewurkje seksje | edit source]

Mûne De Hoop
De Steenhúster mûne

De Hoop[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1875 waard de mûne 'De Hoop' boud troch de mealder Jan P. Duinkerk as koarnmûne. Yn 1922 joech de mealder der de brui oan. De mûne waard op it fuotstik nei ôfbrutsen. It fuotstik krige de namme fan Piperbus Yn 1976 kocht de gemeente Ljouwerteradiel de ‘Piperbus’ op en yn 1979 stie der wer in nije mûne. Yn de Aldjiersnacht fan 1991 rekke in fjoerpylk de mûne en de mûne baarnde ôf. Yn 1993 waard de mûne wer yn gebrûk nommen. Sneons draait de mûne no wer en wurdt betsjinne troch amateursmealders.

De lytse mûne of Binnema’s mûne[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1913 waard de mûne boud oan de Stienzer Feart foar it bemeallen fan de Binnema’s polder. Yn 1988 krige de mûne syn hjoeddeistige plak oan de Brédyk. De mûne wie doe al oergien nei de Stifting De Fryske Mole. It is de lytste muonts fan Fryslân.

De Steenhústermûne[bewurkje seksje | edit source]

Yn it Stienzer Aldlân stiet de Steenhuistermûne út 1913. Dy is yn 1988 restaurearre en is ek in besit fan de Stifting ‘De Fryske Mole’.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It doarp hat in Feriening foar Pleatslik Belang mar gjin doarpshûs. Basisskoallen yn Stiens binne De Jint, De Sprankel en De Twilling. Foar fuortset ûnderwiis moatte de bern nei Ljouwert ta.

Ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Stiens hat no in lytse 8.000 ynwenners. Neffens Van der Aa wienen dat der doe 1.780 en de Ensyklopedy fan Fryslân joech yn 1958 as oantal 2.588. De grutte útwreiding is nei 1960 kommen doe’t foaral Ljouwerters nei Stiens ta gienen om’t it makliker wie om yn Stiens in hûs te krijen. De gemeente Ljouwerteradiel hat dat tige oanmoedige. Stiens kaam sa noch mear op de kaart. De plannen Stiens-Súd en d’Oriïnt kamen ta stân. Men woe sels noch fierder gean, mar de provinsje wie dêr op tsjin.

Bekende Stienzers[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

It sportkompleks It Gryn (ek it swimbad) wurdt fan 2012 ôf ferwaarme troch biogas fan boerebedriuw De Boer-Talsma.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Stiens

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]