Abe Bonnema
Ut Wikipedy
Abe Bonnema (Stiens, 6 septimber 1926 - Grins, 9 augustus 2001) wie in Fryske arsjitekt.
Wurk [bewurkje seksje]
Fan syn hân binne ferskate bekende gebouwen yn Fryslân en dêrbûten:
- De Delftse Poort, te Rotterdam, it haadkantoar fan Nationale Nederlanden (mei 93 en 150 meter hege tuorren). Dit is op it heden (2007) it heechste kantoargebou yn Nederlân.
- It Boek, te Amsterdam, earder haadkantoar fan Elsevier, tsjintwurdich yn gebrûk troch de belestingtsjinst.
- De Achmeatoer, yn Ljouwert, is in byldbepalende wolkeskraber yn dizze haadstêd.
- De Interpolistoer, te Tilburg, kantoar fan Interpolis.
Yn syn libben krige Bonnema meardere arsjitektuerprizen. Hy wie offisier in de Oarder fan Oranje-Nassau.
Nei syn dea hat Bonnema in legaat neilitten oan de stêd Ljouwert mei hjirby lykwols al in tal betingsten. It jild moat oan in nij ûnderkommen foar it Frysk Museum bestege wurde. Dit nije museum moat op it Saailân boud wurde en it ûntwerp moat makke wurde troch Hubert-Jan Henket yn gearwurking mei Bonnema Arsjitekten, it arsjitekteburo fan Bonnema út Hurdegaryp.