Jellum

Ut Wikipedy
Jellum
Eardere herfoarme tsjerke (no teätertsjerke)
Eardere herfoarme tsjerke (no teätertsjerke)
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 145 (2022) [1]
Oerflak 3,25 km²
lân: 3,22 km²
wetter 0,02 km²
Befolkingsticht. 45 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 09' N 5° 44' E
Offisjele webside
jellumbears.nl
Kaart
Jellum (Fryslân)
Jellum

Jellum is in Frysk doarp yn it westlike part fan de gemeente Ljouwert. It is in lintdoarp oan de dyk fan de eardere Middelsee, deunby it hjoeddeistige spoar fan Ljouwert nei Starum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik is Jellum in terpdoarp, dat him foar oan de âlde seedyk ûntwikkele.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Baarderadiel.

Pleats Smidshoeke 4

Mammema State[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de tsjerke oer lei achter it rychje hûzen oan 'e Hegedyk de Mammemastate. It lân leit noch jimmeroan wat heger en der moatte noch ûndergrûnske resten fan de state lizze, dêr't jonker Sicke fan Dekema († 1625) en oare grytmannen fan Baarderadiel wenne ha. De state waard yn 1400 foar it earst neamd en is yn 1856 ôfbrutsen. Fan de slotgrêf is noch in diel oanwêzich en yn 1983 is der noch in âlde wetterput fûn.[2]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Teätertsjerke Mammemahuis.

De tsjerke út 1700 waard yn 1832 en 1893 troffen troch bliksem. Nei 1893 is de tsjerke op 'e nij boud.

Yn febrewaris 2020 waard de grêfsark mei grêfkelder fan Sicke fan Dekema, in bewenner fan Mammemastate, fannijs ûntdutsen ûnder de houten flier fan de tsjerke. Earder wie net dúdlik wêr't hy beïerdige wie[3].

Sûnt 2017 waard de tsjerke net mear brûkt. De tsjerke is sûnt 2022 in teätertsjerke. Der kinne lykwols ek noch spesjale tsjinsten fierd wurde.[4]

Stasjon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1883 oant 1938 hie Jellum, tegearre mei it buordoarp Boksum, in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum, Jellum-Boksum neamd. De komponist Paulus Folkertsma (1901-1972) skrea yn 1950 it folksferske 'It Muzyk Giet troch de Buorren', weryn't ferwiist wurdt nei it stasjon fan Jellym-Boksum ("Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!").

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jellum wurdt faak yn ien sike neamd mei it buordoarp Bears, dêr't it in twillingdoarp mei foarmet. Hast alle pleatslike ferienings beslane beide doarpen. Doarpsbelang komt faak by inoar yn doarpshûs/kafee Jonker Sikke.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jellum hat gjin eigen basisskoalle mear. Bern moatte foar it basisûnderwiis nei Weidum, Hilaard of Boksum.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2009 2022
Ynwenners 217 202 191 161 141 140 145

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hegedyk

Hegedyk, Hilaarderdyk, Lytse Dyk, Nijlânsreed, Smidshoeke.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sûnt 1964 wurdt yn Jellum-Bears alle jierren healwei augustus, krekt in wike nei de Freulepartij yn Wommels, de Revâns-Freule holden.
  • Sûnt in pear jier wurdt yn Jellum alle jierren in pompoenfestival hâlden.
  • Op de sânde woansdei nei 1 july wurdt yn Jellum-Bears de revanchepartij Freulekeatsen hâlden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Ljouwert
Flagge fan de gemeente Ljouwert
Stêd: Ljouwert

Doarpen en útbuorrens: Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum

Buorskippen: AbbenwierAldskou (foar in part) • AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part) • SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens