Tearns
|
|||||
| [[Ofbyld:|300px|Lokaasje fan Tearns]] | |||||
| Gemeente | Ljouwert | ||||
| Ynwennertal (2005) | 16 | ||||
| Webstee | Webstee Himpens-Tears | ||||
Tearns (Nederlânsk: Teerns) is in doarp yn de gemeente Ljouwert, súd fan de Ljouwert yn de bocht fan it Van Harinxmakanaal. It doarp hat 16 ynwenners (2005). Hempens-Teerns is mei 226 ynwenners de lytste wenkearn yn it bûtengebiet fan de gemeente Ljouwert. De namme jout oan dat it earder om twa tige lytse selsstannige tsjerkedoarpen gie, dy't yn 1603 gearfoege waarden. Neist de bebouwing om de tsjerke en brêge (Nauwe Greuns) wennet de befolking ferspraat op pleatsen en yn inkele losse huzen. Tusken it Van Harinxmakanaal en Himpens-Tearns hat de gemeente de wyk: Suderbuorren boud. Hoewol't Himpens-Tearns tsjin Suderbuorren oanleit, hat it dúdlik in eigen, doarpsk karakter. De suburbanisaasjeweach is foar it meastepart oan it doarp foarby gien.
Yn 1603 waarden Tearns en Himpens kombinearre. Mei inoar hawwe se ûngefear 226 ynwenners. Troch de bou fan de wyk Suderbuorren binne de beide doarpen foar in part omsletten troch Ljouwert. Súdwest fan de doarpen lizze de Tearnser Wielen. In mar dat ûntstien is troch it ôfgraven fan bougrûn foar Suderbuorren.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
De namme fan de brêge oer de Nauwe Greuns yn Himpens is ‘Oxena brids’, âld-Frysk foar oksebrêge. Der is al yn de Midsieuwen sprake fan in ‘Oxena brids’ yn de himrik fan Himpens. In yn it Ald Frysk stelde oarkunde van 21 july 1463 makket melding fan dizze brêge dy't grif wat eastliker lein hat as de hjoeddeiske brêge.
Mienskip [bewurkje seksje]
De Feriening foar Doarpsbelang Himpens-Tearns bestiet al sûnt 1917 en hat sûnt 25 novimber 1989 har gearkomsten yn doarpshûs De Bining. De ferieningen fan Doarpsbelang Himpens- Tearns en kuorbalferiening Wêz-Fluch, krigen it klear, om de besteande kantine fan de kuorbalferiening, te ferbouwen ta in doarpshûs. It doarpsblêd hjit 'Brêgenijs'. It doarp wol de Okse tenei mear brûke as symboal. De oksehoarns stiene earder al ôfbylde op de doarpsflagge fan Himpens. De brêge oer de Nauwe Greuns hjit ‘Oxena brids’, âld-Frysk foar oksebrêge. Eartiids waarden de kij hjir oer de Nauwe Greuns setten.
Ferienings [bewurkje seksje]
- Wêz Fluch - kuorbal
- Lyts Begjin - iisclub
- Krekt-Mis - biljerten
- G en G - klaverjassen