Britsum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing fan Britsum.
De himrik fan Britsum.

Britsum is in terpdoarp yn de gemeente Ljouwerteradiel, mei 1.085 ynwenners (1 jannewaris 2004). Hjirmei is Britsum nei Stiens it twadde doarp fan de gemeente. It doarp leit besúdeasten fan Stiens, oan de súdkant fan de Stienzer Feart, dy't ferbining jout mei de Dokkumer Ie. De Menno van Coehoornwei jout ferbining mei de N357.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It doarp is stifte op in kwelderwâl dy't eartiids de eastkant fan de Middelsee wie. Yn de 13e ieu krige it doarp der oan de westkant in stik nijlân by.

Sa leit Britsum der hinne.

Twadde helte 20e ieu hat Britsum in grutte nijbouwyk op de eardere Weversterp delsette kinnen, dy't it doarp hurd waakse litten hat. Troch de lûdsoerlêst fan de Fleanbasis Ljouwert wienen Koarnjum en Jelsum minder oantreklik wurden foar nije minsken, dy't ynstee dêrfan nei Britsum gongen.

Namme[bewurkje seksje | edit source]

De betsjutting fan de namme Britsum is net dúdlik. It -um soe tsjutte op -hiem. Guon geane der dan fan út dat de earste part dan in persoansnamme Britte of Britto wêst hat, it hiem fan Britte. Oaren wize op in âldere foarm Bruggiheem, dy't al foar it jier 1000 foarkomt yn de boeken fan it kleaster Fulda. Dat soe dan it hiem by de brêge wêze. Noch in oare útlis komt út op it sompige lân.

De folksferklearring is in reuzeteltsje fan twa reuzen dy't ôfhierd wienen om de Dokkumer Ie te slatten. Op in stuit waarden se wurch. Se woenen doe efkes rêstich útpûste. Se gienen dêr tsjin in tsjerke oan sitten mar dy koe harren gewicht net hâlde en foel om. Doe seinen se tsjininoar: 'Dy is britsen.'

De Staten[bewurkje seksje | edit source]

Alear hie Britsum in protte staten. Der wurdt tocht dat de âldste Tsjessingastate west hat. De namme Tiesinga komt al yn 1431 foar yn in akte. De ferneamdste is faaks Lettingastate. En dan wienen der noch de staten Jornsma, Jeltinga en Eringa of Geringa.

Der wurdt ek noch sprutsen fan Britsenburg, dat oan de Middelsee lein hawwe soe.

Herfoarme tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De bûtenkant út 1875 fan de Herfoarme tsjerke.

De Romaansk-goatyske herfoarme tsjerke fan Britsum datearret likernôch út 1250. Net wis is oft de tsjerke wijd is oan de hillige Johannes, oan Bartolomeus of faaks oan Us Leaffrou.

De tsjerke út om 1250 hinne is út bakstien oplutsen. De tsjerke hat in redusearre westwurk; de toer is ynboud, en toer en tsjerke rinne troch koepeleftich oerbôge sydromten yn inoar oer.

Yn de toer hingje twa klokken. De lytste is yn 1507 getten troch Jehannes. Op de klok komt de namme foar fan Hero de soan fan Petrus dy't doe dêr fikarus, kapelaan, wie. De grutte klok is getten troch de Ljouwerter klokkejitter Jurjen Balthasar. Op de klok steane de wapens en titels fan de Britsumer pommeranten út dy tiid; ek de namme fan Gosewyn (Goasse) fan Coehoorn, de heit fan Menno van Coehoorn, stiet der op.

De preekstoel is út de 17e ieu en ek steane der yn de tsjerke noch twa hearebanken út de 17e en 18e ieu. Fierders binne der noch âlde grêfstiennen en in grêfkelder út 1639.

Restauraasje[bewurkje seksje | edit source]

Ien fan de fresko's: Marije mei bern.

De tsjerke wie lange tiid yn minne steat. Tsjerke en toer waarden yn 1875 hielendal ommitsele en foar in part bepleistere. Yn 1975 wie de sitewaasje sa min dat der in restauraasje plan kaam, mar dêr wie gjin jild om it plan út te fierjen. Yn 1980 gong de tsjerke oer yn it eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken, mar ek doe koe noch net daalks restaurearre wurde. Yn 1989 waarden needkonstruksjes oanbrocht, en yn 1990 waard begûn mei de taberiedings fan de restauraasje. By dy tariedings waarden yn de tsjerke fresko's ûntdutsen.

Yn 1992 waard begûn mei it wurk oan ’e toer fan de tsjerke, de tsjerke sels folge yn 1993/1994 en de fresko’s binne fan 1997 ôf restaurearre. Ek it ynterieur waard restaurearre, dat it duorre oant 2002 oant de tsjerke wer iepen gie. De fresko's, mei de bysûnder kombenaasje fan de aartsfaders en de lijenswei fan Kristus binne tsjintwurdich te besjen.

De Grifformearde tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Hjir binne de grifformearden jierrenlang byinoar kommen.

Fan 1834 oant 1844 stie yn ‘e herfoarme tsjerke fan Britsum de rjochtsinnige ds. S.S. Tromp. Doe't er eins weiwurke waard, moast der in nije dûmny komme. De liberale floreenplichtigen woenen, yn tsjinstelling mei in grut part fan de Britsumers, no dat ien fan de nije rjochting kaam. Dat waard ds. S. Hoitsma. Hoitsma foldie de otterdoksen net en dêrom waard der in evangelisaasje stifte yn 1851. Foargonger waard Jan Hendriks Maatjes. Dy wie ek evangelist yn It Bilt. In grut part fan de leden fan evangelisaasje fielden sympaty foar de ôfskiedenen. Yn 1862 gie de evangelisaasje oer nei de ôfskiedenen. Maatjes waard yn 1863 talitten as ôfskieden dûmny. Maatsjes is net lang as dûmny yn Britsum bleaun. Yn 1865 naam er in berop oan nei Bunskoat.

Yn 1867 waard der in tsjerke boud. Dy is ferskate kearen útwreide. Doe't it tal grifformearden útwreide, is der in nije tsjerke kommen.

Stasjon[bewurkje seksje | edit source]

Britsum hie in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Eanjum. It doarp wie de halte tusken Koarnjum en Stiens, mei de geografyske ferkoarting Bts. It stasjon waard iepene op 22 april 1901, doe't it spoar fan Ljouwert nei Ferwert iepene waard. mar waard wer sletten op 1 desimber 1940 doe't hiel it spoar opheft waard.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Britsum hat in basisskoalle, De Foarikker en de iepenbiere Foarikker. Fjouwer kear yn't jier ferskynt de doarpskrante, De Troffel. Buertferienings binne Menno’s Paed, Finne De Trochsetters, Fiif Strjitten, Aldlânsdyk, De Kamp”, Lieuwe Wever, It Greidenselskip” en Sillân.

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

Bekende Britsumers[bewurkje seksje | edit source]

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

  • 2004 - 1.085
  • 2003 - 1.091
  • 2002 - 1.104
  • 2001 - 1.112
  • 1999 - 1.112
  • 1973 - 686
  • 1969 - 641
  • 1964 - 597
  • 1959 - 610
  • 1954 - 583
  • 1900 - 486
  • 1848 - 326

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Aldlânsdyk, De Greiden, De Kamp, Efter de Wâl, Finne, Grutte Buorren, Lange Hage, Lieuwe Jellingastrjitte, Lytse Buorren, Lytse Dyk, Menno van Coehoornwei, Sillân, Sillânsreed, Stêdpaad, Swynserreed, Weversterp.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]