Warstiens
|
|||||
| Gemeente | Boarnsterhim | ||||
| Ynwennertal (2007) | 43 | ||||
| Webstee | [] | ||||
Warstiens is in doarp yn it noarden fan de gemeente Boarnsterhim. It doarp hat 43 ynwenners (1 juny 2007). Warstiens leit yn it noarden fan Boarnsterhim, flakby de doarpen Wergea en Warten, ûngefear fiif kilometer besuden Ljouwert. It Langdeel dielt it doarp yn twa helten. Dat wurdt ek symbolisearre yn de wite baan fan it doarpswapen. Oan de eastkant lizze in tal pleatsen, oan de westkant leit de terp.
De namme komt ek foar as Verstiens, Warstens en Warsteens. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Warstiens diel út fan de eardere gemeente Idaarderadiel, wêrby't Grou it haadplak wie.
De buorren falle sûnt 2007 ûnder de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tsjerke
De herfoarme tsjerke fan Warstiens is boud yn 1882. It ûntwerp fan it eklektyske bouwurk is makke troch de Ljouwerter arsjitekt H.H. Kramer. It gebou ferfong de midsieuske tsjerke mei sealtektoer; dêrby is de tradysjonele east-west oriïntaasje hielendal omkeard. Meastentiids stiet de tsjerketoer oan de westkant fan in tsjerke, mar hjir oan de eastkant. De midsieuske liedklok (Cecilliaklok) út 1252 is yn it Nasjonaal Beiaardmuseum yn Asten bedarre.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Buorren, Oeble Om Wei.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
