Eagum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eagum
Flagge fan Eagum Wapen fan Eagum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Eagum
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2004) 145
Webstee De webside foar Eagum & Idaerd

Eagum is it lytste fan de 17 doarpen yn de gemeente Boarnsterhim. Eagum hat 29 ynwenners (2009), dy't de 6 pleatsen en noch wat oare wenten fan it doarp bewenje. Fierder is der yn it doarp in âlde tsjerketoer mei in sealtek. Pleatslik belang fan Idaerd komt ek op foar de belangen fan de ynwenners fan Eagum en Hoflân.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Eagum (earder ek wol skreaun as Ægum) diel út fan de eardere gemeente Idaerderadiel. Sûnt 1989 is de offisjele namme fan it doarp de Fryske.

Middelpunt fan de wrâld?[bewurkje seksje | edit source]

Neffens folksoerlevering is Eagum it middelpunt fan de wrâld. In âld rymke giet bygelyks sa:
Aegum leit mids yn'e wrâld.
trije hoannestappen fan de toer dêr is it middelpuntsje
en dy't it net leauwe wol, kin't neitrêdzje.

Yn 1972 hawwe studinten fan it Grinzer Studinteselskip Frisia nei oanlieding fan dizze oerlevering in tegel mei ynskripsje njonken de toer dellein. Se komme alle jierren nei Eagum om it middelpunt feestlik nei te trêdzjen. Lykwols sprekt de ynskripsje oer in hoannestep. Der binne ek ferzjes mei sân stappen. De trije hoannestappen binne ek werom te finen yn de flagge en it wapen fan Eagum.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Foarkant Eagumer tsjerketoer

Krekt hoe âld as it doarp is is net wis, mar neffens de bouwize fan de tsjerketoer is dy yn de 13e ieu boud. Yn it begjin fan de 16e ieu krige de toer in in sealtek. De tsjerke sels wie yn 1777 sa min wurden dat er ôfbrutsen waard. Yn 1778 is der in nijenien foar kaam, dy't yn 1838 ferkoft waard om ôfbrutsen te wurden, wat yn 1856 ek bart is. De toer is lykwols stean bleaun, en is yn 1983 nochris restaurearre. Yn Aegum giet it ferhaal dat de stiennen fan it tsjerke destiids opnij brûkt binne foar it bouwen fan in kroech yn De Pein.

It doarp kaam yn 1450 it earst foar yn de skiednis, doe't skreaun waard oer Aegum, destiids faak skreaun as Ægum Yn 1511 binne yn it Register fan Oanbring foar Eagum 6 pleatsen registrearre. It doarp lei oan de Wergeastermar en de fiskerij wie dan ek in wichtiche boarne fan ynkomsten. Mar 1634 waard de mar droegmakke troch Paulus Jansz Cley en Wilhelm Cley. De twa waarden letter yn de tsjerke begroeven. Eagum koe ek sûnder de fiskerij bestean, en yn de 17e en 18e ieu hie Eagum 9 stimhawwende pleatsen. Ein 20e ieu wie it tal fan pleatsen lykwols werom rûn ta fiif, wêrfan op de measte net mear buorke waard.

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De tsjerketoer soe út 1300 wêze kinne. De toer is yn 1983 restaurearre. Eartiids hongen der twa klokken yn. Op de grutste stie yn it Latyn dat er yn it jier 1326 makke wie ta eare fan de hillige Nicolaas. De lytse klok hat gjin inkele fersiering. Der wurdt fan útgien dat er yn it jier 1200 getten is.

It tsjerke is yn 1776 sloopt en yn 1777 wie de nije klear.Yn de oarloch binne beide klokken troch de besetters út de toer helle. De lytse is letter weromkomd, de grutte is ferdwûn. It plak fan de grutte klok is ynnomd troch in klok fan 1958 út de Amsterdamske Kristus kening Tsjerke.

Doe't kening Willem III yn 1890 ferstoar liet Eagum fan him hearre. Salang't de kening op ierde stie, waarden yn it hiele lân de deadsklokken let. It gemeentebestjoer hie Eagum lykwols gjin berjocht dien fan dit barren. Wie dat in fersin? Of wie Eagum te lyts en de muoite net wurdich? Wat der wol of net fan wier wie, der waard besluten dat op de begraffenis dochs, hoe dan ek, de klokken fan Eagum liede soene. Elkenien soe witte dat Eagum bestie. Op de dei fan de begraffenis letten de klokken al om acht oere moarns. De oare doarpen yn de gemeente begûnen net earder as om njoggen oere. Eagum hold him doe stil. Op it stuit dat de oare klokken opholden, begong Eagum wer, dat it lûd fan de klokken klonk oer de hiele gemeente.

Op it tsjerkhôf mei 44 stienen lizze in soad Hornstra's begroeven. Ek Harmen de Boer in foarman fan de Fryske Arbeidersbeweging leit hjir.

Lokaasje[bewurkje seksje | edit source]

Eagum leit krekt súdlik fan de polder De Grutte Westergeastermar. De dyk de Greate Mar giet hjirtrochhinne nei Wergea, wylst de Master Wybrensdyk nei it súdwesten giet, yn de rjochting fan Reduzum en Idaerd. De Master Wiebrensdyk gie eartiids mei in brechje oer de Eagumer Opfeart. Eagum is fia in opfeart ferbûn mei it Eagumer Djip, en dêrmei mei Wergea, Idaerd en Grou.

Famylje Fonda[bewurkje seksje | edit source]

De foarâlden fan de Amerikaanske akteurs Jane (1937- ) en Henry Fonda (1905-1982) komme nei alle gedachten fan Eagum. Yn 1642 boaske Jellis Douwese Fonda (1614-1659), in bewenner fan Eagum, mei Hester Jansz fan Diemen. Seis wike letter waard harren soan Douw Jellise Fonda berne yn Eagum, al gau folge troch dochters Annetje en Geertie. Nei alle wierskyn wenne de famylje earder op de súdlik fan it doarp steande Jornemastate. Letter emigrearre de Fonda-famylje nei de Nederlânske koloanje Nij Nederlân, it hjoeddeiske New York. Se setten harren yn 1652 te plak by Fort Oranje (Albany), yn in útbuorren mei de namme Rennselaerwyck (Troy) yn de Amerikaanske steat New York. Jellis waard smid en brandewynstoker, en syn sus Hester krige trije bern, Sarah, Abraham en Saertje. Jellis Fonda stoar yn 1659, hy waard mar 45 jier âld. Syn widdo wertroude al gau.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

1954 1959 1964 1969 1972 1974
47 35 28 37 40 41
1981 1990 1992 1995 1998 2002
30 26 24 21 21 26
2004 2005 2006 2007 2008 2009
30 29 29 30 30 29

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Master Wybrensdyk.

Galerij[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]