Friens

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Friens
Flagge fan Friens Wapen fan Friens
Flagge Wapen
Lokaasje fan Friens
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2008) 90
Webstee []
de himrik fan Friens

Friens is ien fan de lytste fan de 17 doarpen yn de gemeente Boarnsterhim, mei 90 ynwenners (1 jannewaris 2008). De namme komt fan Frea-inge, wat safolle betsjut as Doarp fan it slachte fan Frea. Friens leit tusken de doarpen Idaerd, Grou, Jirnsum ) en Raerd. Friens is it lêste terpdoarp op de eastlike ouwer fan de Middelsee. Nei Friens rûn de âlde hearbaan fia de noardouwer fan De Boarn mei it kleaster en de brêge fan Nes. De tsjintwurdige wei giet oer de súdouwer.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 lei Friens yn de eardere gemeente Idaarderadiel mei as haadplak Grou. It meast opfallende oan it doarp is it tsjerkje út 1795, yn 1906 werboud, mei in rike samling roubuorden fan de Van Beslinga's en Van Sytzema's dy't yn Friens op de eardere Beslingastate wenne hawwe.

Fan de state sels, dy't yn de perioade fan 1620 oant 1849 súdwestlik fan de tsjerke stien hat, is neat werom te finen: sels de terp dêr't de state op stien hat is ôfgroeven. Wol binne der noch stinzeplanten (û.o. nagelkrûd en wylde roazen) te finen op it hiem fan de pleatsen om Friens hinne.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]