Jelsum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De himrik fan Jelsum.

Jelsum is in doarp yn de gemeente Ljouwerteradiel, súd fan Stiens. It doarp hat likernôch 230 ynwenners (2004).

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Tsjerklike skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Jelsum hat hiel âlde papieren. Der wurdt tocht dat it begjin fan it doarp ûntstien is yn sa om 700 f. Kr. It is der kommen om’t der terpen boud waarden op en om in kwelderwâl. De tsjerke moat om 1170 stifte wêze. De parochje Jelsum wie ynearsten in part fan dy fan Sint Vitus fan Aldehou. Letter is de dochterstsjerke selsstannich wurden, mar de memmetsjerke bleau ynfloed hâlden. It falt op dat Jelsum learde pastoars hie. Guon fine wy dan ek werom as notaris yn âlde akten. Dit sil kommen wêze om’t de pastoars út Mariëngaarde kamen.

Ek oare kleasters hienen yn Jelsum besit. It kleaster Klaarkamp hie der in úthôf. It stik fan sa’n 125 pûnsmiet hearde ta it Hasker Konvint by Haskerdiken. In namme fan in pastoar dy’t noch al ris neamd wurdt is dy fan Gellius (Jelle) Faber de Bouma. Hy gie oer nei de nije lear en is dêrom nei East-Fryslân flechte. Dêr is hy in foaroansteand dûmny wurden. Bekend is dat hy in iepenbier petear holden hat mei Minne Simens.

Moderne skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De slothear fan Dekemastate, dy't poer op de oanlis fan in spoarline tsjin wie, waard begroeven op 20 april 1901, de dag wat it spoar feestlik iepene waard. De trein stoppet hjir al lang net mear: it persoaneferfier troch de NV Friesche Locaal Spoorweg Maatschappij waard opheft yn de jierren tritich. In bom ferwoaste it stasjonsgeboutsje yn 1944. Nei 1945 is Jelsum efterút gien. Troch it fleanfjild wie it net in plak dat jin oantrune om dêr te wenjen en troch de ferbreding fan de Brédyk binne der noch al wat wenten ôfbrutsen.

Yn 1907 waarden de skoallen fan Jelsum en Koarnjum gearfoege ta in skoalle yn Jelsum. Troch de lizzing ûnder de oanfleanrûte fan fan de liftmachtbasis waard de skoalle yn 1961 wer sluten. De bern geane no yn Koarnjum nei basisskoalle Oan 't Skipperspypke.

It sintrum fan Jelsum, Oan ‘e Terp, is beskerme doarpsgesicht.

De doarpsgrinzen[bewurkje seksje | edit source]

De súdlike doarpsgrins, dy’t bestiet út de Jelsumer Feart of Haskermear, is noch deselde as dy 1200. Dit is ek de gemeentegrins. Fierder wurdt it Aldlân omsletten troch de Dokkumer Ie en de Koarnjumer Feart.

Oare kant de Hege Dyk, de âlde seedyk, leit it oars. In part fan Jelsum, it meastepart fan it Jelsumer Nijlân, is by de gemeente Ljouwert foege, yn ferbân mei it fleanfjild.

De namme[bewurkje seksje | edit source]

In ferklearing kin wêze: it hiem fan Jelle of Hylke of Hylkje. Der wurdt ek tocht oan it staach fan Jelsma, Hilsma of Hielsma. In âlde foarm is Ethelinge, dat it soe ek betsjutte kinne: it skaai fan de Ethelingen. Oare âlde foarmen binne Hielsema en Hyelsemagha. De amtners makken der Hjelsum fan.

De tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De tsjerke stiet noch op in folsleine terp.

De romaanske tsjerke is boud fan dowestien. De tsjerke is wijd oan Genoveva (Geneviève), in Frânske hillige dy’t fan om 422 oant 502 libbe hat. Se is ek patroanhillige fan Parys, dêr’t se it grutste part fan har libben wenne hat. De preekstoel, it fjouwerkant, de doopbekkenshâlder en de hearebank binne út de 17e ieu. Yn 1781 is tsjerke ferboud en doe moat der hiel wat ferlern gien wêze. Fan âlds wienen der fjouwer tsjerkepaden. Ien dêrfan waard de Lange Jammer neamd. Der wie ek noch in Koarte Jammer.

Yn de lettere bakstiennen toer hingje twa klokken. De iene is der yn 15e ieu pleatst en de twadde, fan P. Overney út Ljouwert, is yn 1671 getten. Yn de tsjerke lizze noch in tal grêfstiennen. Op it tsjerkhôf binne twa grêfkelders. De iene is fan de bekende Jelsumer famylje Hoekstra en de oare heart ta oan de famylje Van Wageningen, de bewenners fan Dekemastate

Jelsum hat dûmny’s fan namme hân. Twa hawwe, wat se húshâldboekjes neamden, efterlitten. Dit wienen oantekenboekjes oer it wol en wee fan Jelsum. Ds. Thomas is hjirmei begûn. It wichtichste boekje is fan ds. J.C. Wiersma dy’t fan 1739 oant 1792 yn Jelsum stien hat. Wiersma hat alle stjergefallen mei kommentaar notearre. Wiersma wie dêrnjonken ek noch boer, túnker en ymker. Wiersma rûn al tsjin de 80 jier, doe’t hy syn ôfskiedspreek holde

De eardere staten[bewurkje seksje | edit source]

Dizze pleats wie de slotpleats fan Harinxmastate.
Dekemastate.

Oan de noardkant fan de tsjerke lei Harinxmastate of Haaymastate. De state is al langlyn ôfbrutsen. In bekende eigner hat Goasse fan Coehoorn, de heit fan Menno fan Coehoorn, west. De terp is yn ‘e rin fan de tiid ôfgroeven. Wat der fan oerbleaun is, binne in stikje fan de grêft en de slotpleats, no bekend as de Van der Burgpleats. Op dy slotpleats binne Jan Linzses van der Burg en syn broer Sjirk Linzes van der Burg berne. Jan wie neist boer ek in beskieden dichter. Syn namme libbet noch troch It Heitelân, wat noch graach songen wurdt as it alternative Fryske Folksliet. Sjirk is notaris yn Makkum wurden en wie foarsitter fan it Frysk Selskip.

Fierder, bûten it doarp, lei by de Koarnjumer Feart Hinnemastate. Ek dy is, yn de 18e ieu, ôfbrutsen, mar it eardere stee wurdt hjoeddedei troch beplanting oanjûn.

Hjir stiet ek de âlde state Dekemastate. It is te besjen as museum, mar kin ek brûkt wurde as troulokaasje.

De Wassenaars[bewurkje seksje | edit source]

Fiversate. De frou yn Frysk kostúm is de lêste boerinne Richtsje Wassenaar-Boelstra.

Om 1900 hinne wie der in krisis yn ‘e bou. Guon bouboeren gienen dêrom oer op it hâlden fan fee. De bruorren Wassenaar út It Bilt, wienen oan de Jelsumer Hoekstra’s besibbe. Se hienen dêr sa al lân. Se besleaten om ek mar oer te gean nei de feehâlderij. Der wurdt ek wol sein dat se nei Jelsum gien binne fanwege it opkommen fan sosjalisme yn It Bilt. Se bouden twa mânske pleatsen. Haskersate en Fiversate. Se bleauwen heareboer. Fan de twa makke Jan Nannes Wassenaar namme as feefokker. Hy wie foarsitter fan it Fries Rundvee Stamboek. Hy hat ferskate wrâldreizen makke om it Fryske fee nei foaren te bringen. Nei syn dea yn 1958 hat syn frou Rigtje Wassenaar-Boelstra it bedriuw mei in meiwurker noch in skoft fierder behertige. Har hichtepunt hat west de besite yn 1959 fan keninginne Juliana, prins Bernhard en de Sjah fan Perzje oan Fiversate.

It molkfabryk[bewurkje seksje | edit source]

It fabryk, dêr’t de Jelsumer boeren grutsk op wienen.

Doe’t de boeren op fee oergienen, moasten se harren molke ek kwyt. Yn Stiens wie al in molkfabryk, mar om de molke nei Stiens te bringen fûnen de Jelsumer boeren eins te lyts. Op 15 augustus 1891 kamen de grutte Jelsumer boeren gear yn de herberch De Grutte Bontekoe. Besletten waard om in bûterfabryk op te rjochtsjen. In jier letter waard de earste molke ferwurke. It fabryk, mei as merknamme ‘De Swan’, levere in protte molke oan Ljouwerter molktapers. De delgong begûn yn 1961 doe’t it fabryk gjin flessemolke mear leverje koe. Yn 1969 besletten de leden om te fusearjen mei L.M.I. oan de Emmakaai yn Ljouwert. Yn 1980 waard de L.M.I. in part fan de Frico yn Wergea.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alde skoalle oan de Boarnsylsterwei

Aldlansdyk, Boarnsylsterwei, Breedyk, Dekemawei, Dokkumer Trekwei, Finsterbuorren, Haskedyk, Hoatse de Jongstrjitte, It Paradys, Langhústerdyk, Op 'e Terp, Piter Rindertsreedsje, Skierhústerwei, Tsjessingawei.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]