Grêfkelder

Ut Wikipedy
Grêfkelder fan baron Fan Ittersum, Swol
Folkswoede yn 1795. De boargers fan Ljouwert ferniele de grêven fan it Hûs Nassau-Diez

In grêfkelder is in kelder ûnder in tsjerke of ûnder in lyts spesjaal dêrfoar bestimd kapeltsje of monumint op it tsjerkhôf of yn de bosk fan in lângoed. It bart ek wol, dat de kelder ûnder in plaat sit dy't fuorttakele wurde moat eardat de kelder tagonklik is.

Grêfkelders binne meastal bedoeld foar leden fan in bepaalde foaroansteande of rike famylje. Keninklike famyljes hawwe faak in eigen grêfkelder, lykas leden fan it keninklik hûs, dy't begroeven wurde yn de grêfkelder fan it prielgrêf Willem fan Oranje mei de spesjale grêfkelder fan de Oranjes yn de Nije Tsjerke te Delft. Yn Nederlân meie sûnt 1829 allinnich leden fan dizze famylje yn in tsjerkegebou byset wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]