Feinsum
Feinsum (Nederlânsk: Finkum) is in doarp yn de gemeente Ljouwerteradiel. It leit op de âlde kwelderwâl tusken Jelsum en Hijum. Neffens fynsten moatte dêr al yn it begjin fan de jiertelling minsken wenne hawwe. It doarp bestie út ferskate terpen. Der is eins nea in oanienboude buorren ûntstien. Bewesten Feinsum stiet de Slachdykstermole, in út 1864 datearjende poldermole, dy't yn 2007/2008 hielendal restaurearre is.
De namme Feinsum is net sa maklik te ferklearjen. Ek de ferhollânske foarmen binne net dúdlik. Ien ferklearring is dat it fan in persoansnamme komt. Finke, Fins en Feintsehiem soenen dan de basis wêze. Oaren tinke oan de fûgelnamme Fink. Wer oaren miene dat de betsjutting te krijen hat mei in min soarte fan turflân.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Der wurdt tocht dat de earste Feinsumers fiskers west hawwe. Om’t de Middelsee op ‘en doer net sa maklik mear te berikken wie, soe men doe op lânbou oergien wêze.
Wis is dit net, mar it doarp soe ûntstien wêze om in úthôf fan Mariëngaarde hinne. Wol is wis dat it kleaster Mariëngaarde in grut part fan de grûn yn hannen hie.
Yn 1515 hat Feinsum in protte lêst hân fan de Swarte Heap. Yn 1515 sieten seis Gelderske soldaten, dy’t yn tsjinst fan de stêd Ljouwert stienen, yn ‘e toer yn Feinsum. De ‘Swarte Heap' stiek de toer yn ‘e brân. De Geldersken koenen soks net op har sitte litte. Yn Feinsum wie neat mear te heljen en se hawwe doe yn Koarnjum Martenastate yn 'e brân stutsen.
Nei't yn 1580 de macht fan Mariëngaarde ferdwûn wie, namen fjouwer aadlike slachten in Feinsum de macht fan it kleaster oer. De wichtichste famylje wie dy fan de Holdinga’s. Se wennen westlik fan de tsjerke. Yn 1511 waard Wiffka Holdingen neamd as bewenner fan Holdingastate. Yn 1640 wie Gratina fan Holdinga de eigeneresse fan Holdingastate. It slachte liket mei har útstoarn te wêzen.
Oare famyljes dy’t in Feinsum neamd wurde binne de Eminga’s en de Aebinga’s. Fan harren aadlike staten is neat fan werom te finen as de oerlevere nammen.
Ek yn Feinsum binne der terpen ôfgroeven. Hjirfoar waard in opfeart nei de Feinsumer Feart groeven.
De tsjerke [bewurkje seksje]
De tsjerke fan Feinsum is wijd oan Sint Vitus. De tsjerke kin syn namme krigen hawwe fan de St. Vitus yn Stiens, mar in oare mooglikheid is dat de tsjerke in dochterstsjerke is fan de St. Vitus fan Aldehou. De tsjerke sil yn de 13e ieu boud wêze. Guon tinke dat der earder yn ienfâldige kapel stien hat. Der is yn ‘e rin fan tiid it ien en oar oan fertimmere. Yn de 16e ieu is it koar der ôf helle. Yn de 18e ieu hat de toer in sealdak krige.
Yn de jierren 1962/64 is de tsjerke restaurearre. Dat is tige foars bard en der is doe neffens guonts tefolle fuorthelle. De tsjerke is doe eigendom oergien fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken wurden.
Yn de tsjerke lizze grêfstiennen fan de Holdinga’s. Der is ek in stien ta oantins fan dûmny Gerardus Hanecroot. Hanecroot wie yn 1697 te Koarnjum berne. Hy hat 47 jier yn Feinsum en Hijum stien. Neist dûmny wie Hanecroot ek boer op in sate yn de Poelen. Hanecroot moat in man mei in protte jild west hawwe. Op 4 april 1776 is er yn ‘e âldens fan 79 jier ferstoarn. De tsjerke hat in preekstoel út de 17e ieu. It doopstek is ûnder de restauraasje ferdwûn. Yn de toer hinget noch in klok út 1477.
De tsjerke rekke fallyt [bewurkje seksje]
De tsjerklike administraasje wie yn Feinsum net yn ‘e oarder. In probleem wie ek dat de tsjerklike administraasje en dy fan de earmfâdij trochinoar rûn. Yn 1822 wie der in skuld fan sa’n 7.000 gûne. Foar in grut part wie dat in skuld oan in timmerman út Stiens. Baas timmerman woe wolris sinten sjen en liet beslach op alle besit fan de tsjerke lizze. De gûverneur fan de provinsje waard frege om ta in oplossing te kommen. Der waard besocht om in kommisje te foarmjen om in skieding te meitsjen tusken de tsjerke en de earmfâdij. Dit slagge net. Baas timmerman sette troch en de doarwarder die syn wurk. Jan Jacob Twijnstra, in bouboer út Feinsum, kocht foar om de 1.000 gûne hinne it tsjerklik besit. Hy joech dit fuortendaliks werom yn brûklien oan de Herfoarme Gemeente. Der giet in ferhaal dat kening Willem I fan de Nederlannen] dit ferhaal ferteld waard doe’t hy Feinsum besocht. De kening hie begrutsjen mei de Feinsumers en kocht it tsjerklik besit fan Twijnstra werom. Sa is it net hielendal gien. Wol hat yn 1827 it regear de tsjerke wer fan Twijnstra weromkocht, sûnder dat men de plicht fan ûnderhâld op har naam. Yn 1829 waard de doarpsearmfâdij opheft. De boargerlike gemeente naam it besit oer op dat fan tsjerke nei.
It gebou ‘De Welkom’ [bewurkje seksje]
Yn 1913 stiften de frije-evangelysken út Alde Leie yn Feinsum in evangelisaasjegebou dat de namme ‘De Welkom’ krige. It waard foaral brûkt foar it hâlden fan sneinsskoalle. Yn ‘e wike waard it brûkt troch sawol de frije-evangelysken as de herfoarmen. Yn 1950 is it gebou sletten.
It roggejild [bewurkje seksje]
Hoe’t it fûns fan it roggejild foar in útkearing oan de earmen fan Hallum, Hijum, Feinsum, Aldeleie en Aldebiltsyl der kommen is net dúdlik. Der kin hjir tocht wurde oan in oarspronklik fûns fan Mariëngaarde. Doe’t de provinsje it besit fan it kleaster oernommen hie, wie der tusken de earmfâdijen elk jier in bedrach fan trochinoar 500 gûne te ferdielen. Yn ‘e rin fan de tiid wie it roggejild oprûn ta 800 gûne. Yn de Frânske tiid waard it roggejild net útbetelle, mar 1816 naam it Ryk de ferplichting oer. It ryk hat him hjir net altyd oan holden, mar nei 1837 waard it roggejild elts jier wer útkeard. Om 1858 hinne is der in nije regeling tusken de earmfâden fan Ljouwerteradiel en it Ryk kommen. It Ryk kocht de ferplichting ôf.
De halte Feinsum fan it Noarder Lokaalspoar [bewurkje seksje]
Feinsum hie ek in halte fan de tredde klasse fan it Noarder Lokaalspoar. Nei’t de treinen net mear rieden, is it stasjonsgebou op fersyk fan de ANWB, fanwege de ferkearsfeiligens, ôfbrutsen. It spoar is noch lang brûkt foar it ferfier fan ierappels. In stikje fan it âlde spoar is no it fytspaad tusken Feinsum en Stiens.
Mienskip [bewurkje seksje]
De feriening foar Doarpsbelang fergadert yn de konsistoarjekeamer fan it tsjerke. It ferienigingslibben spilet him foar it grutste part yn ‘e mande mei Hijum ôf. In fytspaad ferbynt it doarp mei it oardel kilometer fierderop lizzende Hijum wêr't ek in doarpshûs is. De feestvereniging "Mei elkoar ien" organisearret foar Hijum en Feinsum alle jierren it doarpsfeest, it Iene jier yn Hijum it oare jier yn Feinsum. In pear kear yn't jier ferskynt foar beide doarpen it krantsje "De Rattelwacht".
Ynwennertal [bewurkje seksje]
Feinsum hat no sa’n 160 ynwenners. Dat hat twa kear sa heech west. Troch’t Aldeleie in selsstannich doarp wurden is, moast Feinsum in fear litte. Boppedat hat de ûntfolking fan it plattelân hjiryn ek meispile.
Strjitten [bewurkje seksje]
Breedyk, Hege Hearewei, Holdingawei, Iestdyk, Poeldyk, Poelhuzen.

