Haskerdiken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Haskerdiken
Himrik fan  Haskerdiken
Gemeente It Hearrenfean
Gritenij Haskerlân
Stimmen 26
Ynwenners (2004) 390
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 59' NB, 5° 52' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8468
Webstee {{{webstee}}}


Haskerdijken diken b 01.jpg

Haskerdiken is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, oan it Hearrenfeanster Kanaal. Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerdiken by de gemeente Haskerlân, wylst Nijbrêge ta de gemeente It Hearrenfean rekkene waard. It doarp hat likernôch 390 ynwenners (2004).

De namme wurdt ek neamd as Haskerdijken, Hascha dyken, Dijcken en Haskerdyken. It noardlike diel fan de fersprate lintbebouwing wurdt Krom Haskerdiken neamd. Yn 1231 waard yn Haskerdiken it Hasker Konvint stifte, in kleaster yn it Haskerlân op it plak wer't dêrfoar de kluzener Sillige Dodo libbe. It wie in Kleaster fan de Augustiner Koarhearen en hjitte "Marije Roazedelling". Yn 1576 is it kleasterke ferwoaste. Yn 1818 waard in ienfâldich tsjerkje op it plak setten dat "de Kapelle" neamd wurdt. De muontsen fan dat kleaster dienen oan ûntginning fan it gebiet en leinen diken oan. Yn de 19e ieu waard besuden it doarp in nije brêge boud; dêr ûntstie it doarp Nijbrêge, dat mei Haskerdiken in twillingdoarp foarmet.

Haskelân is lân begroeid mei lytske struken en beamkes. Yn dy tiid begûnen de muontsen mei it oanmeitsjen fan dat lân. Dat dienen se mei de help fan diken. Likernôch op it stee dêr't earder it kleaster stie is no noch in tsjerkje te finen mei de namme Kappele.

De Spitsendyk, in kluster wenten en in pleats oan de eastkant fan Rykswei 32, falt no ek ûnder Haskerdiken. Der leit in tunnel ûnder de Rykswei.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Boarnegoa - yn de 14e ieu besloech Boarnegoa de gritenijen Haskerlân, Utingeradiel en Aenjewier, it streamgebiet fan de rivier De Boarn.
  • Deelspaad - nije namme, ferwiist nei feangebiet De Deelen en it kanaal It Deel. Ek it doarpshûs It Deelshûs is hjirnei neamd.
  • Deelswâl - neamd nei de súdwestlike ouwer fan de Hearresleat, tusken it tolhûs dêroan en in buorskip Twahûs.
  • Doarpsstrjitte - foar safier't der in doarp oan te wizen is, dit diel fan Haskerdiken
  • Hellingpaad - Oan de ein fan de dyk siet eartiids in helling. Lêste hellingbaas wie Rienk Bouwhuis.
  • Kapellewei - nei de kapel út 1818 op de fûneminten fan it Hasker Konvint. Dit konvint fan it Augustiner kleaster waard yn 1429 foar in part fernield by gefjochten tusken Skieringers en Fetkeapers, en in 1575 hielendal fernield waard.
  • Konvintspaad - nei it Hasker Konvint, in kleaster dat boud waard op it plak dêr't de hearremyt Sillige Dodo syn kluzenerssel boude.
  • Ryksstrjitwei - wei Ljouwert-Meppel. Opdracht ta de bou barde troch Kening Willem I yn 1827. Letter ferbrede ta A27 en yn 1999 ta fjouwerbaansdyk. (Sjoch ek:Ryksstrjitwei)
  • Sythústerfjild - komt fan 'Sythuzen'.
  • Spitsendyk - Namme Spitsendyk bestiet net mear. Ofkomst ûnwis: soe mooglik fan de Giterske namme 'spits' komme kin of fan in lân wat op in punt útrint.
  • Stobbegeasterpaad - paad nei de pont dy't nei Stobbegat farde.
  • Sythuzen - fan de âlde namme "Zithahwsen": 'fan Site syn famylje'.
  • Tolvepaad - leit yn in stik lân dat De Tolve hjit en dus 12 pûnsmiet grut wie.
  • Van Sminiawei - ek: "Krom Haskerdiken' neamd. Doe't de wei nei de oarloch ferhurde waard krige it de namme fan Van Sminia. Dy boargemaster fan Utingeradiel siet yn it ferset en kaam nei syn arrestaasje net werom.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]