Hoarnstersweach
Ut Wikipedy
|
||||||||||||||||||||||
Hoarnstersweach (Nederlânsk: Hoornsterzwaag) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. It doarp leit yn de noardeastpunt fan de gemeente oan de wei fan Aldskoat nei Donkerbroek, tusken it ein fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart wêrfan it einpunt yn 1800 berikt wie en de Tsjonger. It hat 839 ynwenners. It komt oan syn namme troch de sweach (greide, lân foar fee) fan Hoarne.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Ut argeologyske fynsten hat bliken dien dat oan de Tsjonger by Hoarnstersweach tûzenen jierren foar it begjin fan de jiertelling al minsken fan de Tsjongerkultuer wennen. Oan de ”Skoatterlânskewei” leit, as oerbliuwsel út de iistiid, in ymposante dikke stien. De stien wie bedobbe yn it fean mar waard yn 1950 wer opdolle.
[bewurkje seksje] Taal
Nei alle gedachten Skoatterlân waard yn de rin fan de midsieuwen Frysktalich. Yn it begjin fan de 19e ieu wurdt sels yn Hoarnstersweach noch troch guon Stellingwerfsk praat, faaks de leste rest fan it eardere Nedersaksyske Skoatterlân. De Tsjonger is no de taalgrins tusken Frysk en Stellingwerfsk.
[bewurkje seksje] Untginnen
Piter Dekema kocht al foar 1551 grutte stikken feangrûn by Hoarnstersweach. De lêste lawei (joech de arbeidstiid oan foar de feanarbeiders) stie by de 15e wyk.
Yn 1924 is de ûntginningsmaatskippij "N.V. De Drie Provinciën" oprjochte dy't in soad heidegrûn by it doarp ûntgûn hat. De Heide Maatschappij hie by de wurken fan de NV de lieding. De ûntginning wie foaral bedoeld as wurkferskaffing foar it grutte oantal wurkleazen. Om 1900 hinne kaam it koalwinnen op gong as ferfanger fan turf en de meganisaasje (baggelmasine), de lânboukrisis fan 1875–1890 en de Krisis fan 1929 makken it noch slimmer. Nei 1930 is der in soad oan ûntginning dien. Foar en nei de oarloch binne der ek nije ûnginningspleatsen boud. De groun, foaral fan de N-H tsjerke, waard kocht of unteigene. It jild kaam fan de ferkeap fan oandielen troch de NV oan de gemeente. De NV hie lykwols swiere ferliezen en ferkocht de groun oan de oerheid. De pleatsen binne oant ein fan de 20e ieu troch de Domeinen ferkocht. De heide waard ôfbaarnt en 60 cm djip spit. De groun waard ien kiepweins op rails, die men hieltyd ferlei, offiert. Foar in bettere groun waard mei it skip dwingel brocht. Yn eastlik Skoatterlân wienen grutte stakingen yn 1925 en 1932. De lêste wie frij grut en barde by ûntginningswurk yn it eastlike diel fan it doetiidske Skoatterlân. Der waarden mei de tram wol 38 fjildwachters en manskippen fan de maresjesee oanfierd om 400 arbeiders de tagong ta it wurk te ûntsizzen. Der waarden 15 minsken arrestearre dy't letter finzenisstraffen fan 1 oant 3 moanne krigen. De stakingen gienen om it oerelean dat doe 24 sinten wie en de eask wie 30 sinten. In hate opsjenner wie doetiidsk Spanjer. De Opboukommisje 'Commissie voor de opbouw van Oost-Schoterland’ fan 1928/1929 is oprjochte nei besite fan minister Kan yn 1929. Fan 1932 hâlde ds. Retel aksjes wêrby guod út hiel Nederlân ynsammelje waard. It wie foar krystpakketten foar de minsken dy't yn in spithutte op de heide wennen (de heidsjers).
De ruilferkaveling “Tjongervallei Noord” waard yn 1953 stimme en duorre fan 1955-1960. It gie om 300 eigeners en 165 boeren en 1050 ha. It gie om súd-westkant Donkerbroek oant de Prikkedaam. De nije pleatsen fan Fryske type krigen in Hollânske stâl. Yn de santiger jieren fan de 20e ieu wie der de ruilferkaveling “Jubbega-Schurega”. Doe binne ek bosken oanplante.
[bewurkje seksje] Brêgen
De Prikkedaam wie in passaazje oer de Tsjonger. Dy wie makke fan peallen mei heideplaggen en tûken om dêr mei hynder en wein oer te kinnen. By de kanalisaasje fan de Tsjonger yn 1886/1887 is dêr in fêste brêge boud en ûntstiene dêr de hege Tsjonger-wâlen. De Tsjonger is ûnderdiel fan de Turfrûte.
Yn 1911 begûn de tram te riden tusken De Gordyk en Easterwâlde. Mar earst moast der noch in brêge boud wurde oer de Kompanjonsfeart. Dit waard de saneamde 'Betonbrêge'. Beton wie in materiaal wat noch net folle tapast waard. Der kamen spesjaal minsken út it westen om lieding te jaan. Boppedat waard der noch in wyk groeven om foar te kommen dat der op koarte ôfstân noch in brêge boud wurde moast. Dizze betonbrêge wie de ienige fêste brêge oer de Kompanjonsfeart mei in hege trochfarhichte.
Begjin fan de 20e ieu soene grutte fûneminten opdold wêze eastlik fan de Prikkedaam.
[bewurkje seksje] Gebouwen
[bewurkje seksje] Tsjerken
Krekt benoarden de trambrêge oer de Skoatterlânske Kompanjonsfeart by de 23e wyk moat yn de 16e ieu de ferneamde Bonifatiuskapel stien hawwe. Dizze Kapellepôle, in heger lizzend heideterrein is nei de twadde wrâldoarloch oankocht troch It Fryske Gea.
Al yn 1500 wier der sprake fan tsjerklik besit yn 'e foarm fan pleatsen en lannen. Yn 1580 waard de macht yn Fryslân oernommen troch de Kalvinisten en waarden de parochys fan Jobbegea, Skuorregea, Hoarnstersweach en Ald- en Nijhoarne gearfoege oant in Nederlânsk Herfoarme mienskip. Yn 1832 waard de kristlike mienskip splitse en waard ds Othmar ten Cate dominy fan Jobbegea, Skuorregea en Hoarnstersweach. Oan it Tsjerkepaad waard yn 1833 in nije pastorij boud. Oant 1920 wie dizze, de âlde pastorij yn gebrûk.
De tsjerke oan de "Skoatterlânskewei", wijd oan Sint Magnus, waard yn 1621 boud, mar wurdt as sadanich net mear brûkt. In pear kear yn it jier binne der lêzings en konserten. It los klokhûs op it begraafplak is fan 2007 (yn 1978 waard it doetiidske klokhûs ôfbutsen fanwege betonrot). De oarspronklike klok yn it klokhús is fan 1688: "Anno 1688 Petrus Overney fecit Leovardiae Jochum Hendrick en Durck Roeleffsen, beide als kerkvoogden tot Hoornsterzwaeg". Alle sneonen om healwei seizen liedt de klok. Súdlik fan it dit tsjerkje op likernôch twa fyfte rjochting de Tsjonger lei eartiids, neffens de oerlevering, in âld tsjerkhôf. Sommige sizze ek wol it Joadsk begraafplak. Yn de 20e ieu wie der jierliks in bazar fan de frouljusferiening yn de seal fan de buorkerij neist it tsjerkje.
De Grifformearde Tsjerke ("tsjerke oant de feart") fan 1890 yn Hoarnstersweach is yn 1959 wer opboud neidat de tsjerke yn flammen opgien wie. De tsjerke is yn 2007 ferkocht oan de Frijmitselers.
[bewurkje seksje] Skoallen
De skoalle oan de 15e wyk is oprjochte yn 1836 en ferboud yn 1887 en 1910. Dizze skoalle is ferkocht yn 1957. Masters wiene Geale Pieters Westerhof (1878-1881), Salvada (1881-1882), B. Heiner (1882-1900), Jacob Geeuwkes de Vries (1900-1908), Minne K. Bosma (1908-1912), Jan Lipkes bij de Leij (1912-1924), H. Boelmans (1924-1926), A. Hamstra (1926-1930), H. Knoppien (1930-1932), K. Van Gorsel (1932-1934), C.J. Tjaden (1934-1935), H.J.C. van der Snoek (1935-1945), L. de Zee (1945-1951), G. Bosma (1952-?), Lammert Zwerver (?-1957).
Neist de 10e wyk waard yn 1919 de kristlike skoalle boud. Op 1 jannewaris 1985 is de skoalle opheft. De skoalle is ôfbrutsen. It skoallehûs stiet der noch. Haad fan de skoalle wienen A. v.d. Wei (1919 - 1922), J. Turkstra (1922 – 1929), J. Faber (1929 – 1953), F. v.d. Woude (1954 – 1967), H. Bos (1967 – 1990).
[bewurkje seksje] Mûnen
Oant midden fan de 18e ieu stie oant it Roggemûnepaad de Roggemûne. By de Tjonger omtrint de 10e wyk stie de Pollemûne. Dy poldermûne, in achtkante boppekruier, is yn de Earste Wrâldoarloch (1914-1918) wei wurden.
[bewurkje seksje] Oarlogen
Dominy Regnerus van der Molen wie legerdominy yn 1703, 1705 en 1711 yn de Spaanske Suksesje-oarloch. Dominy Henricus Couperus, Petrus soan wie legerdominy by it garnizoen te Namen yn 1715. Soldaten fan Hoarnstersweach yn it leger fan Napoleon wiene Bonne Jans Bies, Auke Roels Drenth en Johannes Engberts de Vries. Jan Klazes Doldersom, berne yn Hoanstersweach, wie in schutter yn de Tsiendeiske Fjildtocht.
[bewurkje seksje] Mienskip
Hoarnstersweach wurket op mei Jobbegea. De beide doarpen hawwe tegearre ien feriening Pleatslik Belang Jobbegea - Hoarnstersweach, dy't oprjochte is yn 1900. It doarpshûs hjit it Pipegealtsje. 'By jûn útfûn' en 'De Dikke Stien' binne buertferienings.
Tradysjoneel wurdt op earste Peaskedei de peaskebult oanstutsen. Fan oarsprong in foarkristlik gebrûk om duvels fan de winter út te bannen. Fjoer stiet foar it skjinmeitsjen en fruchtberens. Op Himelfeartsdei is it Oldtimerfestival mei de Swarte Gekke Rees; ferklaaide dielnimmers stride mei mâle fehikels om de orizjinaliteitspriis. Simmerdeis wurdt de Pipegaelloop ferrûn. In prestaasjerin troch it prachtich lanlik gebiet fan Hoanstersweach en Jobbegea, by de gerslânnen lâns, oer sân- en skulpepaden, foarby wiken en bosksingels. Hoarnstersweach leit oan it lange-ôfstân kuierpaad it Sânwâldenpaad.
It doarp hat lang it ienichste doarp yn de gemeente It Hearrenfean west mei Fryske strjitnammebuordsjes.
De iepenbiere skoalle fan it doarp hjit Op'e Grins.
[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier
Line fan Qbuzz:
- Lijn 15: It Hearrenfean - Aldskoat - Mildaam - Ketlik - Nijhoarne - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Jobbegea - Hoarnstersweach - Donkerbroek - Easterwâlde vv.
[bewurkje seksje] Strjitten
Oer de Strjitten fan Hoarnstersweach.