Tolhûs

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In tolhûs is in gebou dêr't tol betelle waard.

It koe gean om in soarte fan ynfierjild (dan wurdt ek wol sprutsen fan aksynshûs) of om tol foar wei- of wetterferbiningen (byg. tolwegen of tolbrêgen). Yn it lêste gefal wie it tolhûs ek meast de tsjinstwenning fan de tolgarder as tolpachter. Tollen waarden faak ferpachte. De tolpachter betelle in beskaat bedrach it jier oan de lânhear (letter de oerheid) foar it foech tol te heffen en it rjocht fan bewenning fan it tolhûs. Yn it Nederlân fan nei de midsieuwen waard tollen faak ferpachte troch de Steaten fan it goa of de stêd, letter troch de ryksoerheid, de provinsje of de gemeente fan. Yn de 19e en 20e ieu waarden de measte fan sokke tollen yn Nederlân opheft.

Eardere tolhuzen yn Fryslân[bewurkje seksje | edit source]