Easterwâlde (Fryslân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Easterwâlde (Fryslân)
Himrik fan  Easterwâlde (Fryslân)
Gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 57
Ynwenners (2006) 9.927
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 59' NB, 6° 17' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8431
Webstee {{{webstee}}}


Haadbrêge Easterwâlde
lizzing Eaststellingwerf

Easterwâlde is it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. It leit yn it noarden fan de gemeente, oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Easterwâlde is it grutste doarp fan de gemeente mei 9.927 ynwenners (1 jannewaris 2009). Easterwâlde is sûnt 1886 it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf.

Easterwâlde leit op fiif kilometer fan Appelskea en leit middenyn natoergebiet. De Opsterlânske Kompanjonsfeart, dy't ûnderdiel is fan De Turfrûte, trochsnijt it doarp. Der is in saneamd kuierbosk by fersoargingshûs Rikkingahof. Wa't it paad folget nei it streamdal fan it Grootdiep, komt yn in prachtich bosk by de Bentemaoden.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Klokkestoel fan Easterwâlde
Tramstasjon Easterwâlde

Easterwâlde wurdt neamd yn 1207 as it kapittel fan Sint Marie yn Utert oan Sibodo en Dodo in pleats yn Alferhove ferkeapet, dy't harren heit Wibrandus Tizelinga yn pacht hân hie. De fuotnoat seit dat Altferhove ûnbekend is, mar blykber wol bekend yn de De Stellingwerven en Fryslân. Yn 1228 kamen de manlju út Fryslân by elkoar by Nijeberkeap om dêrwei Drinte yn te lûken. It kaam ta in slach op de heide by Bakkefean wêrby't de Friezen ferslein waarden. Dêrby sneuvelt oan Drintske kant noch in Goswinns fan Easterwâlde. Yn 1328 is Easterwâlde ien fan de 12 doarpen dy't har ôfskieden fan Drinte.

De Kúnder of de Tsjonger ûntspringt even foarby Weper. It Grut Djip is yn in noardlike bôge om Easterwâlde hinne ek noch goed yn it lânskip te werkennen, mar it Lyts Djip is amper mear wat fan te sjen. Krekt 30 jier letter waard de Opsterlânske Kompanjonsfeart súdlik fan it doarp groeven en westlik fan de âlde kearn it Fyfde of Nanninga Ferlaat lein. Easterwâlde krijt sûnt it begjin fan de 19e ieu geandewei ek de kenmerken fan in feartdoarp. Dêrfoar hat it doarp, sûnt 1886 it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf, in mearsidige struktuer krigen. De feart soarge foar prikkels om te ûntwikkeljen súdlik fan de âlde kearn. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1849 docht bliken dat der by de Easterwâldster brêge oan wjerskanten fan de feart in buertsje fan goed tsien huzen stie en fierder nei it easten ta oan de noardlike wâl fersprate bebouwing.

Oant healwei de 20e ieu waard Stellingwerfsk en Frysk praat njonken Hollânsk. Hjoeddedei wurdt der troch allinich de ald nuten noch Stellingwerfsk mear praten, it Frysk haldt noch al wat stand.

It doarp ûntstie út de gearfoeging fan in pear brinken. Hjirfan is de Oostenbrink noch it bêste bewarre bleaun. Yn it ferline wie Easterwâlde berikber mei de tram. It trasee rjochting Makkingea is noch foar in part werom te finen. De strjitnamme Trambaan ferwiist nei de tramferbining.

Herfoarme tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

It meast opfallend is de yn 1735 fernijde Nederlânsk Herfoarme tsjerke oan De Brink. Op de tsjerke stiet in wynwizer mei in hazzewynhûn en efterop ien mei in hazze. It soe in ferwizing wêze nei de eardere grytman dy't graach op jacht gean mocht. Hjir stiet ek in fan de Klokkestuollen yn Fryslân, it is in dûbele klokkestoel. Oan de oare kant stie earder loazjemint De Gouden Klok.


Skoallen[bewurkje seksje | edit source]

Foar de alderlytsten binne it pjutteboartersplak Nijntje en de Stichting Scale. Der binne yn 2009 sân basisskoallen. De kristlike De Akker en In de kring en de iepenbiere Boekhorst, Buttinga, De Kampingerhof, Oostenburg en Tussen de Singels

It Stellingwerf Kolleezje is foar fuortset ûnderwiis.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Easterwâlde hat sûntde turfgraverij yn de 19e ieu in sintrumfunksje foar de regio en hat dêrtroch in soad foarsjennings, lykas in skoallemiensskip, fersoargingshuzebn en oare sosjale foarsjennings. Oan de Snellingerdijk stiet kultureel aktiviteitesintrum De Miente. Op tongersdei is der altyd wykmerk.
It doarp is fjouwertalich: der wurdt neist Nederlânsk (66,1% fan de ynwenners), Frysk (23,7%), Stellingwerfsk (8,7%) troch Nederlânsk-Molukse ynwenners noch Maleis (1,5%) sprutsen.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Der wurde geregeld wedstriden CHIO hâlden

  • David - kristlike muzykferiening
  • DCO - darten
  • DIO - omnyferiening foar fuotbal, gymnastyk, kuorbal, follybal en âlderein. Der wurdt spile yn sporthal-anneks swimbad- "Boekhorst".
  • OKO - fiskjen

Berne yn Easterwâlde[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Easterwâlde.

Buorskippen by Easterwâlde[bewurkje seksje | edit source]

Buorskippen yn de himrik fan Easterwâlde:

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Line fan ferfierder Qbuzz:

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>

  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010