Sint Marten (dei)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
El Greco: De Hillige Marten en de Bidler

Sint Marten, 11 novimber, is de nammedei fan Martinus fan Toers.

Ynhâld

Optocht [bewurkje seksje]

Yn tal fan plakken yn Nederlân wurdt op Sint Marten jûns in Sint-Martensoptocht hâlden. Alle bern rinne mei in, meastal sels-makke, lampioen yn optocht efter de muzyk oan. Dêrnei geane de bern mei harren lampioens de doarren bylâns, en sjonge Sint-Martensferskes, dêr't se dan fruit of snobbersguod foar krije.

Betsjutting [bewurkje seksje]

It feest is nei alle gedachten fan foar-Kristlike oarsprong. It soe ûntstien wêze kinne as in Germaansk feest foar Weda, of mooglik as Keltysk fruchtberens-ritueel. It leit likernôch healwei de hjerst, en waard beskôge as de ein fan it simmer-healjier. Nei Sint Marten koe it fee net mear yn 'e greide, dat it waard op stâl set of slachte. Ek waard sein dat Sint Marten it begjin wie fan de guozzetrek.

Fryslân [bewurkje seksje]

Yn Fryslân waard it Sint Martensfeest benammen yn de Wâlden fierd. Yn mid-Fryslân waard earder ek wol in Sint Martensfjoer baarnd.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]