Brûns

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Brûnzen medaille

Brûns is in legearing fan koper mei likernoch 10 oant 30% tin.

Tradisjoneel is brûns it tredde earemetaal: immen dy't by in wedstriid it tredde plak behellet krijt in brûnzen medalje.

It tiidrek wêryn in soad metalen foarwerpen fan brûns makke waarden, hiet de brûnstiid. Brûns is it earste metaal (op inkele eardere foarwerpen fan koper út it neolitikum nei) dat yn de lege lannen troch de minsk brûkt waard, en dat it gebrûk fan stien stadichoan ferfong. Brûns is taai materiaal en opwoeksen tsjin korroazje, dat him lient foar bewurking. Brûnzen foarwerpen wurde faaks jitten. Tsjerkeklokken binne altyd fan brûns, krekt as in protte stânbylden.

Brûns wurdt ek wol betize mei messing, foaral wannear't it materiaal ferware is. Nije brûnzen objekten binne makliker te ûnderskieden oan de kleur. Messing is wat gieler fan kleur en brûns is mear read/roazich fan kleur.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]