Gersleat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gersleat
Flagge fan Gersleat Wapen fan Gersleat
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gersleat
Gemeente It Hearrenfean
Ynwennertal (2010) 305
Webstee webstee fan Aenjewier
lizzing gemeente It Hearrenfean
Klokkestoel Gersleat

Gersleat (Gersloot) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. Gersleat leit yn it noardwesten fan de gemeente, en foarme foar 1934 mei de doarpen Terbant, Lúnbert en Tsjalbert de gemeente Aenjewier. De fjouwer doarpen wurde noch altyd Aenjewier, of De Streek neamd.

De trije doarpen binne mei it noardeastlike gedielte fan It Hearrenfean yn 1936 by Skoatterlân foege om sa de gemeente It Hearrenfean te foarmjen.

Gersleat foarmet it meast eastlike gedielte fan de oan de Aenwirderwei frijwol ûnûnderbrutsen trochrinnende bebouwing fan de fjouwer doarpen. Oan de ein fan Gersleat is de bebouwing tinner. Mei ek omdat der nei de oarloch net folle mear boud is, is hjir de sfear te priuwen fan in wenmienskip midden yn it útfeane lân dat wer yn kultuer brocht is.

Ek de streken noardeastlik by de Aldeweisterfeart en dy oan de Hegedyk, dy‘t nei it suden ta, rjochting Lúkswâld rint, hearre ûnder Gersleat.

It doarp wie yn de tiid fan de 18e en de 19e ieu in sintrum fan de ferfeaning. Op de gritenijkaart fan de atlas fan Eekhoff út it midden fan de 19e ieu docht bliken dat hast de hiele omjouwing fergroeven wie en ûnder wetter lei. Allinne de ûnder Gersleat fallende Aldeweisterpolder is yn 1776 droechmeald en wer yn kultuer brocht. Itselde wie doe krekt (yn 1851-1852) bard mei de wat gruttere polder súdlik dêrfan.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant 1834 stie op it begraafplak de protestantse tsjerke fan Gersleat. Dy wie yn of koart nei 1735 boud as ferfanging fan in âldere brekfallige tsjerke. De predikant wie tagelyk dûmny fan de oare doarpen fan Aenjewier. De befolkingfan it Opsterlânske doarp Lúkswâld hearde yn elk gefal oant yn de 18e ieu tsjerklik ûnder gersleat.

In pear kilometer benoarden De Streek leit it natuergebiet De Deelen, in lânskip mei in ôfwikseling fan petgatten en stripen.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

De trije doarpen dogge in soad meiïnoar. Gersleat hat wol in eigen feriening foar Pleatslik Belang Gersleat-Polder en der is in wykteam. De basisskoalle hjit D' Aldewei.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • Fuotbalferiening Gersleat - fuotbal
  • Foarút - keatsen
  • RynkRank - kabaret
  • Hercules, sportferiening: gymnastyk en follybal
  • Stifting Natuerbad "De Wispel"
  • Tegearre Fierder - iisclub
  • Onder de Linden - toulûke

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
479 447 410 338 286 296 298 292 286 294 302 305

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

De strjitten fan Gersleat mei de ferklearring fan de nammen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]