Nijhoarne

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing fan Nijhoarne
Nijhoarne
Himrik fan  Nijhoarne
Gemeente It Hearrenfean
Gritenij Skoatterlân
Stimmen  ??
Ynwenners (2007) 1.491
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 57' NB, 6° 3' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8414
Webstee www.oude-nieuwehorne.nl

Nijhoarne (Nieuwehorne) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, noardwest fan it trijegemeentenpunt mei de Stellingwerven. It doarp hat 1.491 ynwenners. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1934 makke it, lykas it susterdoarp Aldhoarne, diel út fan de gemeente Skoatterlân.

Nijhoarne leit lykas in protte oare doarpen yn it gebiet "Tusken Feart en Tsjonger" tusken de Skoatterlânske Kompanjonsfeart oan de noardkant en de rivier de Tsjonger oan de súdkant. It leit tusken Ketlik en Aldehoarne yn. Der binne in soad houtwâlen. It gebiet hat him ûntwikkele troch de ferfeaning. De Skoatterlânskewei rint mei in soad lintbebouwing troch de doarpen. Yn it noarden fan Nijehoarne is by in fallaat yn de Kompanjonsfeart it buorskip Bontebok ûntstien, dit doarp hat yn 1979 de status fan in apart doarp krige.

Lytse en Grutte Kiekenberch en de tichtby lizzende Ketlikerheide en Ketlikerskar binne unyk. Ald- en Nijhoarne lizze oan De Tsjonger dêr't simmerdeis in soad boaten troch Slûs I farre.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

Yn Nijhoarne stiet de Sevenaerskoalle it doarpshûs De Kiekenhof. Op de lêste sneon yn septimber stean Ald- en Nijhoarne yn it teken fan it Flaeijelfeest. Tsien kear yn't jier ferskynt doarpskrante De Hoarnekrite. De VVV organisearret in soad doarpsaktiviteiten.

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

De strjitten yn Nijhoarne en ferklearring fan de strjitnammen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Internet-web-browser.svg 52° 57' NB, 6° 3' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings