Dokumintaasjesintrum Jobbegea-Skuorregea-Hoarnstersweach
Dokumintaasjesintrum Jobbegea-Skuorregea-Hoarnstersweach is in groep minsken dy't him dwaande hâldt mei de skiednis fan de doarpen Jobbegea, Skuorregea en Hoarnstersweach. De groep ûntstie yn 2006 doe't in tal frijwilligers oan de gong gienen om histoaryske en aktuele gegevens oer de doarpen op in oersichtlike wize by elkoar te bringen. Dokumintaasjesintrum Jobbegea - Skuorregea - Hoarnstersweach presentearre harsels yn septimber 2007 teagearre mei Pleatslik Belang op de Expansie. Se komme gear yn it dokumintaasjesintrum yn de iepenbiere bibleteek fan Jobbegea. Yn 2011 is de gearwurking fan bibleteek, gemeente en Dokumintaasjesintrum Jobbegea, Skuorregea, Hoarnstersweach útgroeid oant in Histoarysk Ynformaasje Punt (HIP). In HIP is in fêst plak yn de iepenbiere bibleteek wêr in ieder by de ynformaasje fan it doarp en de omkriten kin.
It HIP befet orizjinelen en kopyën fan kaarten, brieven, foto's, films en boeken mei de skiednis en hjoeddeiske ynformaasje oer de streek. Alle materiaal wurdt opnomd yn it bibleteeksysteem, sadat eltsenien -ek thús op ynternet- yn de katalogus sjen kin wat der oer de omjouwing te finen is. Dit beskikbere materiaal wurdt presintearre yn in apart gedielte fan de bibleteek yn kasten, dy'ttroch in finansjele bydrage fan Pleatslik Belang Jobbegea - Hoarnstersweach oanskaft wurde koenen.
Sa giet aktueel en histoarysk materiaal net ferlern is is it op ien plak yn de streek by elkoar te finen. Eltsenien kin materiaal op alle soarten media oanleverje, fan boeken, films, dia's, krantenknipsels en -artikelen, brosjueres, foto's, plakboeken, dvd's en kassettebantsjes.