Nijbrêge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nijbrêge
Himrik fan  Nijbrêge
Gemeente Skarsterlân
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2004) 150
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 59' NB, 5° 53' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8469
Webstee {{{webstee}}}


Nieuwebrug Nijbrege b 02.jpg

Nijbrêge is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, benoarden It Hearrenfean. It doarp hat likernôch 150 ynwenners (2004). By it doarp is in grutte jachthaven.

Nijbrêge foarmet mei Haskerdiken in twillingdoarp. It is yn de 19e ieu ûntstien, doe't besuden fan Haskerdiken in nije brêge mei slûs oanlein waard. Skippers moasten hjir bytiden wachtsje, minsken oer de dyk ek en sa ûntstie der in doarp. Yn 1952 is de brêge ferfong troch in daam.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 hearde it doarp by de gemeente It Hearrenfean (wylst Haskerdiken ta de gemeente Haskerlân rekkene waard).

Yn it doarp stiet in lytse Amerikaanske wynmotor.

Om 1900 hinne wenne hjir de bekende kaartlister Hinke Kaart.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

Haskerdiken en Nijbrêge dogge in soad mei elkoar. It mienskiplike doarpshûs hjit It Deelshûs. It Fiifde Stee is de doarpsskoalle dy't yn Haskerdiken stiet.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • SIM - kuorbal en folleybal
  • Wês Warber - frouljusferiening

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Ljouwerterstrjitwei - fan Ljouwert nei it suden, wêrfan kening Willem I opdracht joech ta de oanlis yn 1827 en ek mei betelle.
  • Liere - fan de liere as takel.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen