Ka

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ka
Corvus monedula01.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Passeriformes (Sjongfûgels)
Famylje: Corvidae (Krie-eftigen)
soarte
'Corvus monedula'

In Ka, ( ek: alk, toerka of tsjerkka), (Corvus monedula) heart ta de krie-eftigen en is ien fan de lytste leden fan dizze famylje.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

De grize sydhals en efterholle en de ljochtgrien-grize eachring binne merktekenjend.

Habitat[bewurkje seksje | edit source]

In Ka mei graach yn stedlik gebiet wêze, mar hâldt ek ta yn bosken mei holle beammen en by rotswanden mei spjalten, dêr't hja yn nestelje kinne. Yn bebouwing nestelje se ek yn skoarstiennen. De Ka libbet yn kloften, dy't benammen winterdeis útgroeie kinne ta koloanjes.

Fiedsel[bewurkje seksje | edit source]

Kaën ite ynsekten, mar ek sied, nôt en yn de stêd breakrûmen en oar itensôffal. In Ka is in opportunist dy't rûnom frijwat maklik iten fynt.

Gedrach yn finzenskip[bewurkje seksje | edit source]

Kaën binne intelliginte fûgels dy't eartiids wol as hûsdier holden waarden en dy't, fral at se jong yn kontakt mei minsken komme, tige nuet wurde kinne. It is tsjinstwurdich by wet ferbeaen om kaën te hâlden. Dit is ek net maklik - in Ka is in enrzjike, warbere fûgel dy't yn in kouwe weikwine; at se âlder wurde geane se in soarte fan pearferbining mei harren fersoarger oan. Sy kinne dan sels jaloersk wurde en lulk op oaren reagearje.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De 4-5 aaien wurde 16-17 dagen bebret en de jongen fleane nei sa'n 30-35 dagen út.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Ferspriedingsgebiet fan de Ka

Kaën komme yn in it grutste part fan it pale-arktysk gebiet foar.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

  • www.zwartevogels.nl - Oer gedrach en foarkommen fan krie-eftigen, benammen de Ka
  • SOVON - Fersprieding en oantalsûntwikkeling fan de Ka

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

</References>