Bibliobus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bibliobus yn Nice

In bibliobus of bibleteekbus is de beneaming foar in ridende, faak iepenbiere, bibleteek yn in autobus of frachtwein. Sa'n bibleteek wurdt meast brûkt om minsken yn ôfhandige gebieten, dêr't fanwege hokker redenen ek gjin bibleteekgebou is, yn de gelegenheid te stellen boeken te lienen. Ek wurdt de bibliobus in protte brûkt om minsken mei in beheining te berikken, sa as yn in âldereinhûs as ferpleechhûs. Bibliobussen biede tsjintwurdich, lykas alle bibleteken, ek oar mediamateriaal, sa as cd's, dvd's, ensafuorthinne.

De bibliobus ferskynde it earst yn Washington County yn Maryland, de Feriene Steaten. Dêr waarden yn 1905 mei hynder en wein boeken útliend. Nei de Earste Wrâldoarloch wreide it ferskynsel him fierder út oer de Feriene Steaten en Grut-Brittanje. Wyls binne bibliobussen yn it oare part fan Europa gewoan wurden.