Wikipedy:Stikken skriuwe yn Wikipedia-styl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Foar it skriuwen en oanfoljen fan artikels yn 'e Wikipedy binne eins mar twa echte regels: jo stikken moatte sa objektyf mooglik wêze en jo meie gjin teksten, yllustraasjes ensfh. oernimme dy't ûnder it auteursrjocht falle (sjoch hjirûnder). Dêrnjonken binne der in stikmannich rjochtlinen dy't de ferskillende Wikipedys hantearje om wat in ienheid yn 'e Wikipedia-gaos te skeppen. Hjirûnder steane guon fan dy rjochtlinen en wat tips. Grif sille de meiwurkers oan de Fryske Wikipedy der geandewei wol meiïnoar út komme.

Mei in artikel úteinsette[bewurkje seksje | edit source]

In nij artikel hoecht net perfoarst in hiel ferhaal te befetsjen. Jo meie ek bêst mei in pear sinnen folstean. It giet net by de grutte út, wichtichst is dat alles wier is en yn geef Frysk beskreaun stiet. Lytse stikjes liede gauris ta reaksjes fan oaren dy't jo artikel útwreidzje en oanpasse. Dat wol fansels net sizze dat nije stikken net wiidweidich wêze meie - krekt oarsom!

Styltips[bewurkje seksje | edit source]

  • Tip 1 Kwattelje samar gjin gjalpen del, mar skriuw yn kreaze folsinnen en neam de yngong (it begryp dêr't jo ynformaasje oer jouwe) yn de earste of twadde sin fan it artikel. Meitsje it dan fet (troch derfoar, sawol as derefter trije inkelde oanhellingstekens te pleatsen).
  • Tip 2 Soargje foar in logyske en oersichtlike ferdieling yn alinea's en brûk by langere artikels tuskenkopkes. Dat makket it yn wêzen net sa noflike lêzen fan it kompjûterskerm helte makliker.
  • Tip 3 At der begripen yn it artikel foarkomme dêr't jo fan tinke: hjir koe de lêzer ek wolris mear oer witte wolle, dan kinne jo in ferwizing nei it oanbelangjende artikel meitsje troch it wurd yn de tekst tusken dûbelde kante heakken te pleatsen. Jiertallen kin ek poerbêst nei ferwiisd wurde. At de yngong fan it artikel in bytsje oars hyt as it wurd dat yn jo artikel stiet, dan skriuwe jo earst de namme fan de yngong dêr't nei ferwiisd wurdt, dan in fertikaal streekje (|) en dan it wurd dat yn de tekst komt. It gehiel komt wer tusken dûbelde kante heakken. It is wizânsje om yn ien artikel net mear as ien as twa kear nei deselde yngong te ferwizen.
  • Tip 4 Sjoch Wikipedy:Keppelings om utens - ynformaasje oer it meitsjen fan ferwizings nei in url bûten de Wikepdia's.
  • Tip 5 Foar biografyen, oersjoggen fan lannen en oare artikels mei in skematyske ynhâld kinne jo gebrûk meitsje fan sjabloanen dy't oaren ûntwikkele ha. Sjoch ris op Wikipedia's yn oare talen, bygelyks Wikipedia NL, Wikipedia ENG of Wikipedia DE.

Gearwurking[bewurkje seksje | edit source]

In artikel dat jo foar de Wikipedy skriuwe, jouwe jo om samar te sizzen yn 'e hannen fan 'e hiele Wikipediamienskip. It is net langer jowes allinnich, mei't elk dermei dwaan kin sa't him goedtinkt. It wizigjen, oanfoljen, korrizjearjen en kopiearjen fan stikken is krekt wêr't de Wikipedy foar ornearre is. It is dêrom wichtich dat jo net al te bot oan jo eigen tekst hingje. It is oars net it doel dat oaren samar grutte stikken tekst fuorthelje of der apekoal foar yn 't plak sette. It is wizânsje om by grutte wizigingen earst mei de oare auteurs oer te lizzen op de oerlisside. Wizigingen kinne oars altyd maklik wer fuorthelle wurde.

Hoe't in artikel stal kriget, beskiedt ta in hichte hoe't oaren dermei omgeane; in goed formulearre, koart stik sil gauris oaren fertokje en skriuw in oanfolling, wylst in stik mei in soad ferwizingen nei oare artikels oaren stimulearje sil om dy artikels te skriuwen of út te wreidzjen. Guon Wikipedylju meie graach ferwizingen meitsje nei net-besteande artikels, dy't in oar dan skriuwe kin, oaren skriuwe sokke stikken sels of meitsje leafst oanfollingen. Elk syn meuch, wat dat oangiet.

Guon artikels lizze minsken sa nei oan 't hert dat se iensidich wurde of minder objektyf as moatte soe. Gearwurking in oerlis is dan belangryk, wol de ynhâld der op 't lêst net ûnder lije.

Mandeguod[bewurkje seksje | edit source]

De teksten, printsjes ensfh. yn de Wikipedy en de oarstalige Wikipedia's binne mandeguod. Dat wol safolle sizze as dat elkenien de ynformaasje foar alles brûke mei en him feroarje mei sa't him goedtinkt (sjoch GNU/FDL). Sadwaande mei men gjin saken yn 'e Wikipedy opnimme dy't ûnder in foarm fan auteursrjocht falle. Stikken dy't jo foar in oar doel skreaun ha, kinne gauris hiel nijsgjirrich foar de Wikipedy wêze. Wolle jo jo lykwols op jo auteursrjochten beroppe, dan moatte jo jo stik net yn 'e Wikipedy pleatse!

Oare frije ynformaasjeboarnen binne der planteit. Dêr kinne jo sûnder beswier út helje wat jo brek binne. Sjoch mar ris op Openbare bronnen.


In nije side meitsje -- Ienfâldich begjinne -- Koart oersjoch -- Helpmiddels -- Dochs wat regels